Wurdt it nije Britske regear twongen om Skotlân ûnôfhinklikens te jaan?

desimber 7, 2019 20:24

De peilings lykje o sa goed foar de Skotsk-nasjonalistyske partij SNP, in susterpartij fan ‘e Fryske FNP. De partij hellet nei ferwachting fyftich sitten yn it Britske parlemint by de ferkiezings fan nije wike. Hja wolle de Labourpartij wol oan in parlemintêre mearderheid helpe, mar de tsjinprestaasje mei der wêze: in ûnôfhinklik Skotlân.

De Skotten binne lofts, nasjonalistysk en pro-Europeesk. Dat makket harren politike oertsjûging tige oars as dy fan ‘e Ingelsken. It tinbefolke Skotlân hie yn Londen nea in soad yn te bringen, mar dat kin no feroarje. Labour wol graach regearje om foar te kommen dat in konservatyf regear ûnder Boris Johnson de relaasje mei de Europeeske Uny skansearret. It liket der lykwols op dat Labour net ûnder in koälysje mei de Skotsk-nasjonalisten út kin.

Yn 2014 wie der in referindum oer ôfskieding troch Skotlân fan it Feriene Keninkryk. In lytse mearderheid wie dêrop tsjin. Yn 2016 stimde in grutte mearderheid fan ‘e Skotten tsjin de Brútstap: it lid ôf wurden troch it FK fan ‘e Europeeske Uny. De Skotten dy’t lidmaatskip fan ‘e EU wichtiger fine as lidmaatskip fan it FK kinne it oanpart foarstanners fan ôfskieding wolris oer de fyftich persint hinne lûke.

desimber 7, 2019 20:24
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.