Welsk “ja” tsjin Brútstap kaam troch Ingelske ymmigranten

desimber 14, 2019 21:06

De Skotten hawwe gjin fidúsje yn de Brútstap. 62 persint fan harren hat dêrtsjin stimd. In grut part fan de Skotten wol sels leaver út it Feriene Keninkryk stappe as út de Europeeske Uny. Yn Ingelân is dat oars: dêr is de stipe foar de Brútstap grut. De BBC omskreau Wales wat de miening oer de Brútstap oanbelanget as in “kopy fan Ingelân.”
“Lit ús mar trochgean”, sei de Welske premier Carwyn Jones yn 2016, nei’t de ynwenners fan Wales yn mearderheid foar de Brútstap stimd hiene.

Dat is lykwols net hielendal wier. De stipe foar de Brútstap is folle grutter by de Ingelsktalige ynwenners as by de Welsktalige en boppedat folle grutter by de minsken dy’t út Ingelân wei nei Wales ta ferfearn binne as by de oarspronklike befolking. Dat skriuwt de Britske krante The Guardian.

Wales is in populêre streek foar pensjonearre Ingelsen om harren te fêstigjen. 21 persint fan ‘e ynwenners fan Wales komt út Ingelân en fan harren is in grut part mei pensjoen. Hja wenje foar it grutste part yn it easten fan Wales, tsjin Ingelân oan.

Danny Dorling, heechlearaar ierdryskskunde oan de universiteit fan Oxford, seit: “De Welsklju woene de EU hielendal net ferlitte en dat is mar ien fan ‘e falske foarstellings as it oer de Brútstap giet.” Neffens him hawwe de Ingelske ymmigranten de trochslach jûn: de ynwenners fan Wales hawwe mei in mearderheid fan 52 tsjin 48 persint foar it ferlitten fan ‘e EU stimd.

Neffens Dorling is benammen it suden fan Ingelân tsjin it EU-lidmaatskip. Hy seit: “It binne dy Súd-Ingelske stimmers dy’t Skotlân, Wales en Noard-Ierlân tsjin it sin út Europa wei tôgje.”

desimber 14, 2019 21:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.