Waarpraatsje: Sneon rûzich

desimber 13, 2019 15:52

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie freed kâld, mar mei de delslach foel it oerdei yn Fryslân wol wat ta. Sneon wurdt in ruzige dei.

Yn ‘e nacht fan freed op sneon rekket de loft berûn. De wyn wurdt súdwest en is matich, by de kust lâns krêftich. It wurdt 4 graden.

Sneon is de loft earst berûn en soe der noch wat rein falle kinne. Letter skynt de sinne ek sa út en troch, mar is der wol kâns op inkelde buien, miskien wol mei heil, tonger en wynstjitten. De wyn komt út it westen oant súdwesten en is frij krêftich oant krêftich, by de kust lâns en boppe de Iselmar hurd oant stoarmich. De temperatuer leit om de 6 graden hinne.

Snein feroaret der net folle oan it waar. It bliuwt ritich.

Jan Brinksma

desimber 13, 2019 15:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.