Waarpraatsje: Rêstich mar kompleks waar

desimber 30, 2019 18:51

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in strieljende moandei krije wy in rêstige jierwiksel, mar it waar sjocht der wol kompleks út. It is bygelyks tige dreech te sizzen oft, wêr’t en hoelang’t it dampich wurde sil.

Yn ‘e nacht fan moandei op tiisdei is it earst helder mei kâns op damp. Letter is der ek bewolking en yn ‘e rin fan ‘e nacht binne der wer opklearringen mei op ‘e nij kâns op damp. De wyn sit tusken it súdwesten en it noardwesten en is swak oant matich. De temperatuer leit om de 3 graden hinne.

Aldjiersdei is de kâns op damp waar grut, mar inkelde opklearringen mei (wat) sinne binne net útsletten. De swakke wyn komt út ferskate rjochtingen. De temperatuer leit tusken de 3 en 6 graden.

Yn ‘e Aldjiersnacht is de kâns op (swiere) damp grut.

Jan Brinksma

desimber 30, 2019 18:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.