Waarpraatsje: Oar waar kommendewei

desimber 4, 2019 18:29

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It is yn dizze tiid fan it jier faak lestich te sizzen oft de sinne skine sil en hoelang. Dat wie woansdei ek wer it gefal. Der wie (folle) mear sinne as tiisdei ferwachte waard. Foar tongersdei is it tal oeren sinne ek wer tige ûnwis.

Yn ‘e nacht fan woansdei op tongersdei wikselje bewolking en wat opklearringen inoar ôf. Op guon plakken soe (wat) damp ûntstean kinne. De sudewyn is swak, by de kust lâns en boppe de Iselmar matich. De temperatuer leit om it friespunt hinne.

Tongersdei is de loft earst berûn en kin it noch dampich wêze. Hoe grut de kâns op sinne is en hoelang oft dy dan skine sil, is hast net te sizzen. De súdwestewyn is swak oant matich. By de kust lâns stiet wat mear wyn. Yn ‘e jûn hellet de wyn oan. De temperatuer leit tusken de 4 en 7 graden.

Fan freed ôf krije wy hiel oar waar. It wurdt ritich en mylder.

Jan Brinksma

desimber 4, 2019 18:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.