Waarpraatsje: Noch in pear dagen rêstich

desimber 2, 2019 19:16

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in oantal kreaze ‘winterdagen’ feroaret der oant de ein fan dizze wike net folle.

Yn ‘e nacht fan moandei op tiisdei wikselje bewolking en wat opklearringen inoar ôf. Op guon plakken soe in bui(ke) falle kinne en wat damp is net hielendal útsletten. De wyn komt út it westen en is swak, by de kust lâns en boppe de Iselmar matich. De temperatuer leit tusken de 2 en 5 graden.

Tiisdei is de loft berûn en kin der noch in bui(ke) falle. Letter is de sinne sa út en troch ek efkes te sjen. De wyn giet nei it súdwesten en is swak oant matich, yn it Waadgebiet frij krêftich. De temperatuer leit om de 6 graden hinne.

Woansdei en tongersdei is it ek noch rêstich en oan de kâlde kant.

Jan Brinksma

desimber 2, 2019 19:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.