Waarpraatsje: Myld wykein

desimber 6, 2019 18:51

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Folslein hjerst, dat wie it koartsein freed. It wykein is ek hjerstich en myld.

Freedtejûn en yn ‘e nacht nei sneon is de loft berûn en falle der inkelde buien, by de kust lâns miskien wol mei tonger. Letter binne der ek wat opklearringen. Der stiet earst noch in flink stik wyn út it súdwesten, mar yn ‘e nacht giet de wyn nei it westen en wurdt matich. By de kust lâns stiet dan in frij krêftige oant krêftige weste- oant noardwestewyn. De temperatuer leit om de 9 graden hinne.

Sneon wikselje bewolking en wat sinne inoar ôf en op guon plakken kin in lytse bui falle. De westewyn is matich en by de kust lâns stiet op ‘e nij in frij krêftige oant krêftige weste- oant noardwestewyn. It wurdt 8 graden.

Snein bliuwt it wis net drûch en by in frij krêftige oant krêftige westewyn wurdt it 10 graden. De sinne sille wy dan, nei alle gedachten, hast net sjen.

Nei it wykein bliuwt it ritich en de temperatuer leit oerdei en yn ‘e nachten fier boppe it friespunt.

Jan Brinksma

desimber 6, 2019 18:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.