Waarpraatsje: Jierwiksel mei min sicht

desimber 31, 2019 18:49

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It waar op dizze lêste dei fan it jier wie in streekrjocht kadootsje. Myld, in soad sinne en hast gjin wyn. Mei de jierwiksel sjocht it waar der hiel oars út.

Aldjiersjûn en yn ‘e nacht nei Nijjiersdei ta is der in grutte kâns op (tige tichte) damp. De wyn komt út rjochtingen tusken it suden en it easten en is swak. De temperatuer leit om it friespunt hinne.

Nijjiersdei is der earst noch in grutte kâns op damp waar. De sinne sjogge wy, nei alle gedachten, hast net. De sudewyn is swak, by de kust lâns matich en de temperatuer leit tusken de 2 en 6 graden.

Warskôging:
Dielnimmers oan it ferkear moatte Aldjiersjûn, yn ‘e nacht nei Nijjiersdei ta en Nijjiersdei rekken hâlde mei min sicht fanwegen (tige swiere) damp. Op guon plakken soe it ek (wat) glêd wurde kinne.

In noflike jierwiksel!

Jan Brinksma

desimber 31, 2019 18:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.