Utkomst mystery shopûndersyk by útgeansgelegenheden yn Fryslân

desimber 8, 2019 08:50

Jongelju wize populêre alkoholfoarsjenners oan en jonge sabeare klanten litte sjen dat it yn Fryslân slagget om yn sa’n twa fan de trije kear dat soks besocht wurdt, alkohol te keapjen.

Ut in resint hotspotûndersyk troch Platform Nuchtere Fries blykt dat yn Fryslân it trochsneed neilibbingspersintaazje fia de saneamde hotspots op 36,6% leit. Dat betsjut dat sa’n twa fan de trije kear dat der besocht wurdt om alkohol op de populêrste ferkeappunten te keapjen troch 17-jierrige sabeare klanten, dat slagge is. Hotspots binne troch jongelju oanwiisd as populêre plakken om alkohol te keapjen. Dêr falle supermerken, sliterijen, hoarekagelegenheden, kafetaria’s, jongereinsintra, sportkantines en eveneminten ûnder.

Foto: pixabay.com

Hotspots goed yn byld
It doel fan it hotspotûndersyk is it yn kaart bringen fan de hotspots yn Fryslân en hoe’t dy omgeane mei de hjoeddeistige neilibbing fan de leeftydsgrins as it giet om ferkeap fan alkohol. De kâns op oertrêdzjen fan de leeftydsgrins (Artikel 20 lid 1 fan de Drank- en Horekawet) by hotspots is nammentlik grutter as by alkoholoanbieders dêr’t mar in bytsje oant hast gjin jongerein komt. It spesifyk rjochtsjen op dy hotspots hat as doel dat gemeenten mei in bytsje beskikbere middels effektive en effisjinte previnsje- en neilibbingsaksjes opsette kinne, wêr’t dat it meast needsaaklik is.

Beskikberens fan alkohol foar minderjierrigen tebekkringe
Fabian Schurink, programmalieder GGD Fryslân en Platform Nuchtere Fries: “Wy witte út ferskate wittenskiplike ûndersiken dat as der gjin alkohol is, jongerlju minder of net begjinne te drinken. In alkoholfrije omjouwing soarget der ienfâldichwei foar dat alkoholgebrûk ûnder minderjierrigen sakket. Nettsjinsteande dat der hieltyd mear alkoholfoarsjenners binne dy’t gjin of hast gjin alkohol oan minderjierrigen jouwe, blykt út dit spesifike hotspotûndersyk dat ús mysterykids noch hieltyd frij maklik alkohol fia de saneamde hotspots krije kinne. Gemeenten hawwe de troch 252 jongelju oanjûne hotspots fia dit ûndersyk no goed yn byld. It is no wichtich om de beskikberens fan alkohol krekt op dy lokaasjes fierder tebek te kringen. Alle Fryske gemeenten kinne op basis fan dit ûndersyk effektive en effisjinte previnsje- en neilibbingsaksjes opsette wêr’t dat it driuwendst is. Dat mei as doel om it alkoholgebrûk ûnder minderjierrigen te ferminderjen.”

Mystery shop-hotspotûndersyk yn Fryslân
Foar it Fryske ûndersyk yn 2019 hawwe Fryske jongerlju fan 17 jier as ‘mysteryshopper’ besocht om alkoholhâldende drank te keapjen. It ûndersyk rjochte de oandacht op de saneamde hotspots, ferkeappunten dêr’t in soad jongerein komt en as populêre lokaasje troch jongelju oanjûn is. Mei de resultaten kinne de gemeenten harren alkoholmatigingsbelied foarmjaan. Dêr falt it tasicht op it neilibjen fan de Drank- en Horekawet en ûnder.

Platform Nuchtere Fries
It neilibbingsûndersyk is yn opdracht fan de Fryske gemeenten útfierd troch ûndersyksburo Objectief. It Platform Nuchtere Fries koördinearret it ûndersyk. Alle Fryske gemeenten, GGD Fryslân, Verslavingszorg Noord Nederland, Politie Fryslân, Koninklijke Horeca Nederland en Provinsje Fryslân wurkje yn it platfoarm gear om it alkohol- en drugsgebrûk ûnder de jongerein werom te bringen.

Nuchtere Fries as ûnderdiel fan de Fryske Previnsje-oanpak
GGD Fryslân stribbet mei alle Fryske gemeenten en partners in fitale provinsje nei: mear sûne en fitale jierren foar eltsenien. Foar de totale libbensrin fan Fryske ynwenners wurdt in previnsje-oanpak ûntwikkele foar it net-berne bern oant hûnderdplussers yn neifolging op it Nasjonaal Previnsje-akkoart. It is wichtich dat bern in goede start meitsje en dêr harren libben lang profyt fan hawwe, dat folwoeksenen mear sûne en fitale libbensjierren hawwe en senioaren sa lang mooglik sûn en fitaal meidwaan kinne yn de maatskippij. It programma Nuchtere Fries is yn de Fryske Previnsje-oanpak ien fan de wichtichste ûnderdielen.

Mear ynformaasje
Foar mear ynformaasje oer it hotspotûndersyk is it ûndersyksrapport en factsheet ‘Hotspotneilibbingsûndersyk 2019’ fia dizze link te lêzen. Mear ynformaasje oer it Platform Nuchtere Fries is te finen fia nuchterefries.nl.

desimber 8, 2019 08:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.