Twa kear op reis (gedicht)

desimber 21, 2019 09:30

                                                        Twa kear op reis

                  1972

                   2019
Mei trije bern nei Appelskea,
in hiele lange reis,
Foar berntsjes duorret soks ek lang,
in goed oere ûnderweis.
Op reis mei d’ âlde minsken,
dat falt net ta, in drege klus.
Se binn’ mar min te rissen,
sjogge apen en bearen dus.
**
Sa’n reis mei trije pjutten,
mem en heit dy passe op,
want Appelskea is och sa fier
sûnder in ekstra stop.
Alles wurdt goed regele,
dan kinn’ se hast net oars.
Foarsichtich omgean mei hun winsk,
want oars wurde se boas.
**
As ôflieding freegje wy:
Wa sjocht as earste Smildes lange toer?
Dan binne we al yn ’e buert
en is de reis hast oer.
Mar ien kear ûnderweis
is neat harren te folle.
Se bin op ’t skik en eamelje
jo de earen hast fan de holle.
**
Al oankommen op ús plak
is dêr fan alles te sjen;
bosk en heide en lekker sliepe
yn in smûke caravan.
Wat in wille en plezier,
yn wurden net te sizzen.
Harren tank is grut, ja grutter
en net út te lizzen.

Pas op, pas op, op jong en âld,
beide binn’ besûnder.
Sa stekt it libben yninoar
en beide in grut wûnder.

Reinder Posthuma

desimber 21, 2019 09:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.