Woansdei stille tocht yn Drachten (bewurke)

desimber 30, 2019 13:50

“Dit incident had nooit mogen voorkomen.” Dat seit boargemaster Jan Rijpstra fan de gemeente Smellingerlân nei oanlieding fan it nijs dat it 16-jierrige slachtoffer fan de stekpartij yn Drachten moandeitemoarn ferstoarn is. Nei alle gedachten sil der woansdei in stille tocht organisearre wurde.

“We zijn er stil van. Dit heeft een heel grote impact op de mienskip”, fertelt de boargemaster. “Het enige wat je nu kunt doen als burgemeester is er zijn voor de familie en naasten. Ze zijn geschokt en leven in een roes. Mijn belangrijkste taak is te luisteren en aan de andere kant te overleggen met de politie over het onderzoek.”

Oer dat ûndersyk wol de boargemaster net in soad kwyt. “We weten nog niet wat er die avond precies heeft plaatsgevonden. Dat onderzoek loopt nog en zal de komende maanden verder worden uitgevoerd door de politie.” Wol hâldt de gemeente kontakt mei de skoallen, dêr’t it nijs ek gâns losmakke hat.

Undertusken hinget de flagge healstôk by skoallemienskip Liudger.

“Het uitgaansleven in Drachten gaat prima en dan gebeurt dit”, fertelt Rijpstra. De gemeente beriedt him ûndertusken op maatregels om sokke ynsidinten yn de takomst foar te kommen. Mar dat sil net maklik wêze. “Je mag in Nederland met een mes op zak lopen en het kopen. Misschien moeten daarin nog zaken veranderd worden. Dat moet je landelijk bekijken. Dit zal ongetwijfeld ook in de Tweede Kamer besproken worden”, ferwachtet Rijpstra.

Moandeitemoarn leine in soad minsken blommen foar kafee Pietje Bel, it plak fan it stekynsidint op 22 desimber. De boargemaster seit dat der nei ferwachting op Nijjiersdei in stille tocht hâlden wurdt.

Boarne: Omrop Fryslân

desimber 30, 2019 13:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.