Teater foar blinen en minsken mei min sicht

desimber 25, 2019 08:49 Fernijd

Kin teater aardich wêze as jo in fisuele beperking hawwe? Jawis! As der in blinetolk fan Komt het Zien! by is, kin men echt alles meibelibje. Ek as men in bytsje of neat sjocht.

By spesjaal selektearre foarstellingen yn Skouboarch De Lawei sil de blinetolk bywêzich wêze. Op freed 27 desimber by de famyljefoarstelling Piter Pan, woansdei 22 jannewaris by Othello fan it Nationale Theater en op woansdei 4 maart by Showponies 2 fan De Alex Klaasen Revue. Mei syn blinetolken makket Komt het Zien! it belibjen fan teaterfoarstellingen en eveneminten mooglik foar eltsenien mei in fisuele beheining.

Ofbylding: De Lawei

In bline frou fertelt: “Ik bin ek gewoan in mins. Ik wenje yn in gewoan hûs, ik haw bern dy’t gewoan nei skoalle moatte. Dan wol ik ek wolris gewoan nei it teater kinne. Lêsten gie ik nei in foarstelling sûnder blinetolk. Ik hearde oaren laitsjen, mar ik hie gjin idee wêrom. As der audiobeskriuwing is kin ik alles gewoan sjen, wylst ik neat sjoch. Geweldich!”

Hoe wurket it?
In blinetolk beskriuwt wat der allegear op it toaniel bart. De tolk docht live ferslach, lykas in sportsjoernalist op de radio. De bline of net-goed-sjende besiker sit gewoan yn de seal en kin fia in triedleaze koptelefoan de ekstra ynformaasje fan de tolk hearre. By sokke foarstellingen is foarôf in spesjale ynlieding mei ‘meet & feel’. Dêr wurde de kostúms en it dekôr beskreaun, kinne rekwisiten fan tichtby besjoen en field wurde en kin men yn ’e kunde komme mei de stimmen fan de akteurs.

desimber 25, 2019 08:49 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.