Sybren Singelsma: It weromkommen fan IS-froulju sûnder berjochting is bedriigjend

desimber 27, 2019 12:58

Skôging

In pear tûzen IS-froulju, wol of net mei bern, sitte yn meastal Koerdyske kampen yn Syrië. De Europeeske lannen sitte mei de fraach wat se mei harren boargers dêre moatte. Bûnsgenoaten Turkije en Amearika freegje om harren werom te nimmen. Turkije wol derfan ôf en de Feriene Steaten hawwe sels dochs net folle ûnderdienen dy’t werom komme sille.

It argumint fan de Europeeske lannen is gauris dat de misdieden yn it IS-kalifaat begien binne, en dus dêr ek berjochte wurde moatte. Dêr leit ommers de bewiislêst en yn Nederlân en oare EU-lidsteaten net. Dat liket wol in argumint, mar it yn frjemde kriichstsjinst gean of it lidmaatskip fan in terroristyske organisaasje is op himsels foldwaande om berjochte te wurden, noch los fan de werklik begiene terroristyske of misdiedige aksjes.

Men kin min om de yndruk hinne dat in protte EU-lannen hoopje dat it Iraakske en oare rjochtssystemen in part fan it probleem ‘oplosse’ oftewol dat de froulju mei harren bern foargoed yn in soarte fan Gazastripe-eftige flechtlingekampen bivakkearje kinne.

En ja, wat hawwe dy froulju eins dien? It hawwe harren manlju west dy’t de wreedheden begiene, is harren argumint. Sy wisten faak fan neat en fûnen it ek allegear tige spitich, in fariant op it wolbekende tema ‘Wir haben es nicht gewusst’. Se fine dat se in twadde kâns krije moatte.

En ja, froulju – dy binne dochs net agressyf? Dat binne dochs foaral manlju tusken de 25 en 35 jier? Dat is wier, mar de wittenskip hat der wol mear oer te sizzen. It is wier dat as it op echte gefjochtsaksjes oankomt, dat fakentiden in manljussaak is, hoewol’t in soad legers grutte ûnderstypjende tsjinsten kenne dêr’t in protte froulju yn wurkje.

De oarsprong liket te lizzen yn it fiere ferline. As de froulju mei de bern yn de grot sieten, wie it fan belang dat se de manlju oertsjûgje koene om harren te ferdigenjen. En froulju blike – sosjaal ûnderlein as se binne – yndied goed by steat te wêzen om de manlju foar harren fjochtsje te litten. It is in âlde wiisheid: froulju hâlde net fan fjochtsjen mar wol fan manlju dy’t fjochtsje.

Sa gau’t agresje in kwestje wurdt fan it polityk kiezen, blike de sekseferskillen in stik lytser te wurden. Sûnt dy grot hat der fansels wol in ûntwikkeling west. It froulik aspekt, skriuwt de Kanadeeske psycholooch en multywittenskipper Steven Pinker, is wis wol in fredeleavjende krêft, mar dan benammen yn de betsjutting oft in maatskippij mear maskulyn as feminyn is. Maskuline mienskippen, dêr’t de maskuliniteit ek troch froulju droegen wurdt lykas yn it gefal fan de froulju yn de grot, binne oarlochssuchtiger as mear feminine mienskippen.

Wy witte dat de IS-kultuer in maskuline kultuer is, dêr’t dominânsje, eare en earewraak in belangrike rol yn spylje. Dat kultuermodel is troch de IS-froulju aktyf stipe en útdroegen. De hjoeddeiske liberale mienskip stuolket op oare wearden. De froulju sûnder se te berjochtsjen weromkomme litte soe ynhâlde dat we fijannen fan ús mienskip ynhelje. Dêrom dat dy rol fan ‘Wir haben es gewusst!’ by it berjochtsjen fan de IS-froulju wol besjoen wurde moat, krekt as by de denazyfikaasje nei de Twadde Wrâldoarloch. Wy hawwe de dragers fan de nazy-ideology ommers ek net samar yn ús mienskip talitten mei it argumint ‘Elkenien fertsjinnet in twadde kâns’!

Drs. Sybren Singelsma is histoarikus. Hy hat wurke by it Komitee fan de Regio’s fan de Europeeske Uny.
desimber 27, 2019 12:58
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Abe desimber 27, 15:03

    As ik dit stik sa lês, leau ik net dat de steller in Irak-, Syrië-, terrorisme- of moslimekspert is, ek net dat er in bûtengewoan ynsjuch hat yn de psychology fan man-frou ferhâldingen yn oare kultueren, noch dat er wérklik wat oer syn ûnderwerp op it aljemint bringe wol. Ik leau dat hjir in Frysk beweger oan it wurd is dy’t ItNijs stypje wol troch sjen te litten dat jo yn it Frysk ek werklik wol oer net dalik Fryske saken skriuwe kinne. Dat is op himsels net in ferkeard stribjen, al moat dêr wol by oantekene wurde dat it earste besykjen dy kant út al datearret fan pak ‘m beet de tiid fan Rinse Posthumus. It punt is dat ek Frysk-lêzers rjucht hawwe op saakkundigen. Wêrom net in werklike ekspert frege om in stik en set dat oer? En dan leafst immen dy’t net mar wer ris úthâldt dat alle froulju yn har waarme grot geil wurde fan kickboksers mei bloed om ‘e kop.

  2. Sybren desimber 28, 10:09

    Dit stik is oersetting fan myn stik op http://www.singelsma.com.
    Abe fynt my yn in soad saken gjin ekspert. Ynfo: 40 jier wurke by ynternasjonale organisaasjes en de EU yn Brussel. My in soad dwaande holden mei kwestjes om frede en feilichheid hinne. Steven Pinker, oan wa’t ik referearje, is in wrâldekspert op it gebied fan geweld. Ik kin Abe oanriede ris in TED-ferhaal fan de man op te sykjen.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.