Súdwest-Fryslân nei njoggen jier ‘ûnder ien dak’

desimber 3, 2019 08:10

Hast njoggen jier nei de offisjele start fan de gemeente Súdwest-Fryslân sit it grutste part fan de wurknimmers op ien sintraal plak, oan de Merkstrjitte yn Snits. Moandeitemoarn 2 desimber iepene boargemaster Jannewietske de Vries symboalysk de foardoar fan it âlde stedhûs. Dêrnei streamden inkelde hûnderten amtners nei harren nije wurkplakken ta.

Boargemaster Jannewietske de Vries die de iepeningshanneling (foto: Súdwest-Fryslân)

De ôftraap foar it projekt ‘sintrale húsfêsting’ wie yn 2015, doe’t de gemeenteried it budzjet beskikber stelde (dat úteinlik útkomme soe op goed njoggentjin miljoen euro). Sûnt binne yn it âlde sintrum fan Snits 22 gebouwen yn fazen ûnder hannen naam. Sa krige de gemeenteried in nij ûnderkommen yn it Bestjoershûs, ferhuzen it besykadres en de publyksbaly nei de oare kant fan de Merkstrjitte (fan nûmer 15 nei nûmer 8) yn it Súdwesthûs, en giene dêrnei de gebouwen fan de eardere gemeente Snits (ek grinzjend oan Lytse Tsjerkestrjitte, Dimpte Neltsjeshaven en de Kruzebruorrestrjitte) op ’e skeppe.

Net alle gemeentlike tsjinsten sitte fan no ôf yn Snits. De gemeente hâldt in balyfunksje yn Boalsert, dêr’t ynwenners aanst terjochte kinne yn kultuerhistoarysk sintrum De Tiid, yn it Boalserter stedhûs. It haadkantoar fan de bûtentsjinst ferhuzet fan Snits nei Boalsert, dêr’t oan de westkant fan de stêd nijbou komt. De plenning is dat dat net earder as yn 2022 yn gebrûk naam wurde kin.

Súdwest-Fryslân ûntstie yn 2011, nei in fúzje fan de gemeenten Snits, Boalsert, Wymbritseradiel, Wûnseradiel en Nijefurd. Dêrnei krige de gemeente syn hjoeddeiske omfang troch it opheffen fan de gemeenten Boarnsterhim (begjin 2014) en Littenseradiel (begjin 2018). De eardere gemeentehuzen yn Boalsert, Warkum, Wytmarsum en Wommels krigen al in oare bestimming. Foar it gemeentehûs yn Drylts, dat sûnt moandei leech stiet, wurdt no yn oerlis mei Stedsbelang Drylts oan in oare ynfolling wurke.

Foar it yn gebrûk nimmen fan de nije húsfêsting wie it fersyk dien oan de meiwurkers om thús yn de kasten en laden te dûken, om wat mei te nimmen as Sinteklaaskadootsje. De aksje levere goed twatûzen presintsjes op dy’t nei minsken gean dy’t it net breed hawwe, mar ek graach Sinteklaas fiere wolle.

desimber 3, 2019 08:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.