Streektaalkongres Venlo

desimber 24, 2019 16:23

De Provinsje, Dingtiid, de RUG, Mercator, Tresoar, de Fryske Akdemy, it FMLD, se wiene allegear al betiid op ’n paad om op 6 novimber om 10.0 oere by teater De Maaspoort yn Venlo te wêzen.

Neffens Eric Stokkink fan it ministearje fan ynlânske saken is lokale identiteit fan belang yn ús globalisearjende wrâld. Se wurkje yn De Haach oan in nij projekt op dat mêd. Ynkoarten is op www.erkendetalen,nl alle ynformaasje te finen oer it Frysk, it Nedersaksysk en it Limboarchsk. Der is nei 1992 in soad feroare. Doe kaam it Europeesk Hânfêst foar streek- en minderheidstalen.

It kongres is it twadde yn in rige. Twa jier lyn stie it Nedersaksysk sintraal yn Deventer en it leit yn de bedoeling om yn 2021 nei Ljouwert te kommen.

Der kamen ferskate ûnderwerpen oan bod. Fansels gie it oer ûnderwiis, mar ek oer it imago fan minderheidstalen. Undersikers fan de universiteit fan Gent hawwe wurke mei de saneamde matched guise technyk. Dan litte se bygelyks bern nei in pear sprekkers harkje dy’t in ferhaaltsje fertelle. Wat bern net yn ’e gaten hawwe is, dat deselde persoan ferskillende talen praat. Jierren lyn haw ik sels sa’n ûndersyk útfierd by skoalbern yn de Trynwâden. It docht bliken dat bern ornaris de sprekker fan de minderheidstaal minder heech oanslane oangeande syn of har kapasiteiten as de sprekker fan de mearderheidstaal, wylst se de sprekker fan de minderheidstaal wol geselliger fine. Ik beskriuw it hjir koart troch de bocht. It komt derop del dat imago’s fan talen ferskille en dat is mei dizze metoade te bewizen.

Minsken hawwe harren mieningen oer talen, of om mei de Flaamske presintatrise te sprekken: “Liever een Antwerpse dikke nek als een West-Vlaams spraakgebrek”.

Kearndoelen helpe amper

By de ûnderwiispresintaasjes kamen de kearndoelen oan ’e oarder. Ik bin der kritysk oer, omdat der yn de praktyk net in soad mei dien wurd. Dat hat dermei te krijen dat de omskriuwingen ornaris net útnûgje ta praktysk hanneljen. It soe by it ûnderwiis safolle mooglik gean moatte om konkrete ûnderwiisynhâlden.

Hoe learst in taal en hoe moatte bern har talich steande hâlde yn it grutte taalferskaat dat hjoed-de-dei op skoallen praat wurdt, mei ûnder ynfloed fan migraasje. Der rinne de mieningen oer útinoar. Meartalich ûnderwiis sil net altyd opsmite wat men der fan ferwachtet is myn oertsjûging en wat sokke ûnderwiisfoarmen opsmite foar in minderheidstal as it Frysk, dat moat bliken dwaan. De trijetalige skoalle yn Fryslân kaam net oan bod. It liket derop dat dy sukses hat.

It skynt dat it Limboarchsk net beskôge hoecht te wurden as in bedrige diersoarte lykas in panda of in skylpodde. Oan de ein fan it kongres krige it op dizze 6e novimber 2019 de offisjele status as regionale taal.

Pier Bergsma

 

desimber 24, 2019 16:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.