Spanje wol dat EU arrestaasje Puigdemont mooglik makket

desimber 24, 2019 11:13

Carles Puigdemont (foto: Wikipedia)

Carles Puigdemont moat yn it hûs fan Jan-nekje, al wie it ek noch sa. Dat skriuwt in keppel Spaanske ofsieren fan justysje oan de leden fan it Europeesk Parlemint. Ferline wike oardiele de heechste Europeeske rjochter dat Puigdemont lid fan it Europeesk Parlemint is, wat him ûnskeinber makket. Dy ûnskeinberens moat opheft, skriuwe de Spaanske oanklagers.

It is net in koart brief. De Spanjerts moatte net minder as tsien siden brûke om te ferdútsen wêrom’t hja fan betinken binne dat de Katalaanske presidint yn ballingskip net langer parlemintêr ûnskeinber wêze moat. En wat foar him jildt, moat neffens harren ek jilde foar syn minister Toni Comin. Spanje wol harren, lykas oare Katalaanske pommeranten, feroardielje om’t se meiwurke hawwe oan it referindum oer ûnôfhinklikens yn 2017.

Puigdemont en Comin hawwe wilens in paske krige dat harren tagong jout ta de gebouwen fan it Europeesk Parlemint. De Spaanske oerheid is it dêr net mei iens. Neffens Spanje moatte de beide mannen earst trou swarre oan ‘e Spaanske grûnwet. Neffens de rjochter is it foldwaande dat hja demokratysk keazen binne.

In spesjale kommisje fan parlemintsleden moat it Spaanske fersyk om opheffing fan ‘e ûnskeinberens no beoardielje. As de kommisje tinkt dat it in kâns makket, dan komt it op ‘e wurklist fan it Europeesk Parlemint. Dat kin dan mei in gewoane mearderheid fan stimmen it beslút nimme om Puigdemont en Comin harren ûnskeinberens ôf te nimmen.

desimber 24, 2019 11:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.