Sirkulêr asfalt op nije N381

desimber 11, 2019 09:37

Moandeitemoarn is om 8.00 oere útein set mei it frezen fan 7,2 km asfalt fan de âlde rydbaan fan de N381 tusken Donkerbroek en Easterwâlde. Dat asfalt wurdt troch Heijmans bewurke en komt yn ‘e maitiid fan 2020 wer folslein op de nije rydbaan werom.

Foto: Provinsje Fryslân

Deputearre Avine Fokkens-Kelder en direkteur regionale projekten fan Heijmans, Johan ter Horst, markearren tegearre dat bysûndere momint. De N381 is de earste Fryske provinsjale dyk, dêr’t alle freesde asfalt, 5.600 ton, op ’en nij foar deselde nije dyk wer brûkt wurdt. Deputearre Fokkens-Kelder: “It is wichtich om yn sirkulariteit by wegeprojekten te ynvestearjen. De N381 is in goed begjin.”

De provinsje set behoarlik op de sirkulêre ekonomy yn. Net allinne omdat it ta ynnovaasjes liedt, lykas de opskaling fan dy asfaltynnovaasje, mar ek omdat wy Fryslân graach moai en leefber hâlde.

Foto: Provinsje Fryslân

Projekt N381
De N381 is in wichtige ferbiningsdyk tusken Drachten en Drintske grins en is no ek in foarbyld op it mêd fan sirkulariteit en duorsumens yn de asfaltferwurking. Troch yn it opskalen fan asfaltynnovaasjes mei in heech persintaazje op ’en nij gebrûk.

De dyk tusken Drachten en de Drintske grins is nei in feilige dyk oanpast mei krusings op ûngelikense hichte en soarget foar in bettere berikberens fan de regio. De ferdûbeling fan de N381 tusken Donkerbroek en Easterwâlde is healwei 2020 klear.

desimber 11, 2019 09:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.