Seis op tsien sneldykûngefallen barre by op- of ôfrit

desimber 1, 2019 08:44 Fernijd

De measte ûngelokken op sneldiken barre by Amsterdam-Osdorp (A10), Amsterdam-Slotervaart (A10) en Feijenoord (A16). Goed seis op de tsien ûngelokken barre yn in straal fan ien kilometer fan in op- of ôfrit. Dêrmei is de kâns op in ûngefal mear as trije kear sa heech yn de neite fan in oprit of ôfrit. Dat konkludearret Univé nei analyze fan goed 75.000 registrearre sneldykûngefallen dy’t fan 2016 oant en mei 2018 yn Nederlân barden.

Foto: Univé

Grutte regionale ferskillen
Ut de analyze docht bliken dat de ferskillen yn de regio’s grut binne. Yn Grinslân wie it persintaazje ûngelokken by in op- of ôfrit yn 2018 it heechst. Dêr waard 72,3 persint fan de ûngefallen registrearre yn de neite fan in op- of ôfrit. Yn Seelân wie dat persintaazje it leechst (33,3 persint).

Yn absolute sin is de provinsje Súd-Hollân lykwols koprinner mei ûngelokken yn de buert fan in op- of ôfrit. Yn 2018 wiene dat der goed 5.600, wylst der yn Seelân mar 174 kear in ûngelok feroarsake waard deunby in op- of ôfrit.

Minder faak ûngelokken mei deadlike ôfrin
It oandiel ûngelokken mei deadlike ôfrin is by op- en ôfritten 34 persint leger as op stikken sneldyk sûnder yn- of útfoegjend ferkear. By it tal ûngelokken mei letsel is it ferskil gâns lytser; dat it yn de buert fan in op- of ôfrit mar twa persint leger as op oare stikken sneldyk.

Ungelokken by op- of ôfritten lykje net spesifyk feroarsake te wurden troch wenwurkferkear of frachtferkear. Trochdewyks is it oandiel ûngelokken by op- en ôfritten nammentlik mar in bytsje heger (+ 0,5 persint) as yn it wykein.

Measte ûngefallen op A10
It ôfrûne jier barden de measte ûngelokken by de ôfritten Amsterdam-Osdorp (A10), Amsterdam-Tuindorp (A10) en Rotterdam-Crooswijk (A20). De A10 is in dyk dêr’t in protte ûngefallen by barre. Nei ferhâlding wiene de measte ûngelokken yn 2018 op de A10 (41,8 ûngelokken de kilometer sneldyk). Op de A20 (22,7 ûngefallen de km) en de A16 (18,1) is de kâns op in ûngefal ek relatyf grut. Op de A77, fan Boxmeer nei de Dútske grins, is de kâns op in ûngefal it lytst, mei 0,4 ûngelokken de kilometer sneldyk.

Sjoch hjir foar mear ynformaasje.

desimber 1, 2019 08:44 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.