Minskerjochtekolleezje ferbiedt leeftydsdiskriminaasje lytse selsstannigen

desimber 21, 2019 14:51

Lytse selsstannigen sûnder personiel meie net samar dien krije om’t de opdrachtjouwer harren te âld achtet. De saneamde ‘zzp’ers’ falle net ûnder in cao en dus jildt foar harren gjin ferplichte pensjoenleeftyd. Dat hat it Kolleezje foar de rjochten fan de minske sein.

It kolleezje reägearre op it ûntslach fan trije froulju dy’t foar it Grinzer Museum rûnliedings fersoargen. Hja wiene net by it museum yn tsjinst, mar waarden as lytse selsstannigen ynhierd. Dat wie al jierren it gefal. De froulju fan 66, 69 en 72 jier diene it wurk al hast fiifentweintich jier. Koartlyn ruile it museum harren lykwols yn foar jongere zzp’ers.

Dat is neffens it Kolleezje foar de rjochten fan de minske leeftydsdiskriminaasje en soks mei net. It museum is fan betinken dat soks wol meie moat. Direkteur Andreas Blühm seit dat hja it ynkommen net mear nedich wiene en dat hja jongelju in kâns jaan moasten. Boppedat soene jonge meiwurkers meihelpe om in jonger publyk oan it museum te binen.

Meiwurkers dy’t yn tsjinst binne en foar wa’t in pensjoenleeftyd yn ‘e cao opnommen is, meie dien krije as hja dy leeftyd berikke. Dat jildt lykwols net foar zzp’ers, sa is it oardiel fan it kolleezje. It seit fierders dat it museum net oannimlik makke hat dat jonge meiwurkers in oar publyk oanlûke en dat it museum yn it ferline ek net nei leeftyd seach by it ynhieren fan de trije froulju.

It Kolleezje foar de rjochten fan de minske is gjin rjochter en de útspraak hat dêrom net fuortendaliks juridyske konsekwinsjes. Jurist Pascal Besselink seit lykwols yn ‘e krante Trouw dat de trije meiwurksters mei de útspraak in skeafergoeding fan de rjochter easkje kinne. Hy seit dat it faker foarkomt dat wurkjouwers ferkearde ferwachtigs hawwe as hja lytse selsstannigen ynhiere.

desimber 21, 2019 14:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.