Provinsje Fryslân liedt needklok jeugdsoarch

desimber 15, 2019 09:09

De tekoarten yn it sosjaal domein drukke in grut stimpel op de gemeentebegruttingen. Fryslân liedt de needklok by it Ryk: der moat struktureel ekstra jild foar jeugdsoarch nei de gemeenten. Yn 2020 komme alle Fryske gemeenten ûnder it normale, repressive, finansjeel tafersjoch om’t sy jild dat se ien jier krije fan it Ryk foar mear jierren yn de begrutting opnimme mochten. Sûnder dy regel wiene fiif Fryske gemeenten ûnder previntyf tafersjoch fan de provinsje kommen.

Foto: pixabay.com

Deputearre Sander de Rouwe: “It is noch mar de fraach oft it Ryk dat jild ek echt struktureel makket. Oerheden dy’t inoar serieus nimme, rekkenje net mei pseudo-pinningen. Wy freegje it Ryk noch by de maitiidsnota 2020 dúdlikens te jaan oer de finansjele middels foar de jeugdsoarch en in dúdlike, earlike kar te meitsjen. Jou dúdlikheid, sadat gemeenten dat ek op ’e tiid yn harren begrutting 2021 ferwurkje kinne.”

It byld by Nederlânske gemeenten is dat in tekoart op de jeugdsoarch earder de noarm is dan in útsûndering. Yn Fryslân is dat ek it gefal. Mei it Ryk is troch de provinsjale tafersjochhâlders ôfpraat dat gemeenten foar de jierren 2022 en 2023 in stelpost jeugdsoarch yn harren mearjierrige begrutting opnimme meie. Fan de achttjin Fryske gemeenten hawwe trettjin gemeenten dêr gebrûk fan makke. De provinsje Fryslân stjoert in brief oan it Ryk om de soarch kenber te meitsjen.

Normaal tafersjoch foar alle Fryske gemeenten
Alve fan de achttjin gemeenten presintearje in tekoart yn begrutting 2020, yn de jierren 2021-2023 wurdt dat tekoart makke. Fjirtjin gemeenten moatte besunigje om de begrutting slutend te meitsjen. Besunige wurdt der benammen binnen it sosjaal domein. Mar ek oare maatregels, lykas it ferheegjen fan de gemeentlike belestingen en heffingen, it net yndeksearjen fan budgetten of it ôfstjitten fan net-wettige taken, wurde in soad brûkt.

Spesjaal omtinken foar Dantumadiel, Ljouwert, Opsterlân en Smellingerlân
In fjouwertal gemeenten: Dantumadiel, Ljouwert, Opsterlân en Smellingerlân, sil yntinsyf folge wurde. Mei dy gemeenten sil yn 2020 ek bestjoerlik oerlis fierd wurde oer de  besunigingen. Mei de gemeente Dantumadiel hat koartlyn ek al bestjoerlik oerlis west oer de begrutting 2020 en it byhearrende werstrukturearringsplan.

desimber 15, 2019 09:09
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.