Provinsjale Steaten nimme ôfskied fan deputearre Kramer

desimber 19, 2019 10:20

Johannes Kramer (foto: Provinsje Fryslân)

Woansdeitemiddei hat Johannes Kramer ûnder de gearkomste fan Provinsjale Steaten ôfskied nommen as deputearre. Mei yngong fan 6 jannewaris 2020 begjint er yn syn nije funksje as boargemaster fan de gemeente Noardeast-Fryslân.

Johannes Kramer (52) waard yn 2011 de earste deputearre foar de FNP en hat dêrmei twa perioaden lang lid west fan it kolleezje fan Deputearre Steaten. Hy wie al goed acht jier lid fan Provinsjale Steaten. Foar syn wurk as deputearre wie er warber as gemeentesekretaris yn Menameradiel. Mei syn partner en fjouwer bern wennet er no noch yn Sibrandabuorren.

Op freed 20 desimber fan 16.00 oant 18.00 oere is de ôfskiedresepsje yn it Provinsjehûs yn Ljouwert. Klaas Fokkinga nimt út namme fan de FNP it plak oer fan deputearre Kramer en wurdt ynstallearre op 22 jannewaris 2020.

desimber 19, 2019 10:20
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.