Priuw de smaak(r)evolúsje fan it Noarden op it Gastronomy Festival

desimber 18, 2019 09:52

Leafhawwers fan kulinêre hapkes, streekprodukten en hearlike dranken krije op snein 2 en moandei 3 febrewaris 2020 har gerak op de earste edysje fan it Gastronomy Festival yn MartiniPlaza Grins.

Foto: MartiniPlaza

In festival foar eltsenien
In nij kulinêr festival mei de sjarme fan eartiids en de útstrieling fan no, dat is wat de organisators Bidfood, Horecagroningen en Martiniplaza foar eagen hawwe. Op it twadeiske evenemint kinne sawol partikuliere as saaklike besikers genietsje fan alles wat de hoareka, de sjefkok en de lokale ûndernimmer te bieden hawwe op it mêd fan gastronomy. Tink dêrby oan alles wat te krijen hat mei lokale tsizen, winen, bieren, fisk & fleisguod en grienten. Dêrneist binne der ferskate food-workshops en priuwerijen. Der is ek oan bern tocht; hja kinne har útlibje yn in feestlike kids-area fol aktiviteiten.

Alde tiden komme wer ta libben
De ynspiraasje foar it nije Gastronomy Festival hawwe de inisjatyfnimmers ûnder oare helle út it yn 2015 foar it lêst holden kulinêre evenemint ‘Proeven in Groningen’. De sfear fan doe komt werom, mar wol ferpakt yn de tiidgeast fan no. De kar om it festival binnendoarren en op snein en moandei te hâlden is dan ek bewust makke, dat binne de dagen dat in soad hoareka(ûndernimmers) beskikber binne om mei te dwaan, en it waar kin gjin spulbrekker wurde.

Wat is der allegear te ferwachtsjen?
Dangelje troch de langste en gesellichste festivalstrjitte fan Grins en jin ferrasse litte troch in grut ferskaat oan yttintsjes en kreamkes. Genietsje op sfearfolle tematerrassen fan (h)earlike gerjochten en live muzyk. Meidwaan oan workshops en jins eigen iten meitsje. Lokale ûndernimmers ûntdekke op de streekproduktemerk en yn ’e kunde komme mei oant no ûnbekende hapkes en drankjes.

Folslein programma
It folsleine festivalprogramma wurdt ein jannewaris mei in soad bombaarje oan it publyk presintearre. Oant dy tiid wurde nije dielnimmers en aktiviteiten bekend makke op de sosjale mediakanalen en webside fan it evenemint.

Tagong fergees
De tagong op beide festivaldagen is fergees. Mear ynformaasje is te finen fia www.gastronomiefestival.nl.

desimber 18, 2019 09:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.