Presintaasje Alde Fryske Tsjerken yn Frysk Museum

desimber 24, 2019 08:42

Ta eare fan it fyftichjierrich jubilieum fan de Stichting Alde Fryske Tsjerken presintearret it Frysk Museum sûnt 20 desimber Uit het prentenkabinet: rondje om de kerk. De Stichting Alde Fryske Tsjerken stiet noed foar mear as fyftich Fryske tsjerken, om te bewarjen foar kommende generaasjes en te behâlden én te brûken as sosjaal ankerpunt. Yn ’e útstalling binne tekeningen, printen en âlde foto’s te sjen fan tsjerken yn Fryslân. De útstalling duorret oant en mei 13 desimber 2020.

J. Gardinier Visscher, Sicht op ’e tsjerke yn Jorwert, 1790-1791

Iuwenlang fungearre de tsjerke as middelpunt fan de mienskip. Mar tiden feroarje en de tsjerken dêrmei ek. De Byldestoarm late ta ferrinnewearre ynterieurs en troch de Reformaasje ferdwûnen tsjerken of feroaren se fan rjochting. Tsjintwurdich is der hieltyd mear sprake fan ûnttsjerkliking. Troch de jierren hinne waard mannich Fryske tsjerke ôfbrutsen, opkreaze of ferfongen; mominten dy’t keunstners graach fêstleine.

Sa skildere Piet van der Hem yn 1909 it ynterieur fan it Ayttagasthûs by de tsjerke fan Swichum, foar’t it trije dagen letter ûnbewenber ferklearre en sloopt waard. It gasthûs waard yn 1572 stifte troch Viglius van Aytta. Earme âlderen mochten der fergees wenje yn ruil foar tsjerklike ferplichtings. Yn de útstalling binne ek tekeningen te sjen fan de brûnzen klokken út de tsjerketoer fan Bears. Op de tekeningen fan Albert Martin binne ynskripsjes te lêzen dy’t derop wize dat de klokken makke binne ta eare fan twa houliken yn de aadlike famylje Unia. Der is ek in fjurrenhouten 17e-iuwske tsjerkebanke te sjen út de tsjerke fan Hegebeintum.

Stichting Alde Fryske Tsjerken
De tsjerken fan Bears, Swichum en Hegebeintum binne alle trije yn eigendom fan de Stichting Fryske Tsjerken. Yn totaal beheart de stifting 52 tsjerken, sân begraafplakken en twa klokkestuollen. Yn it jubileumjier binne der ferskate aktiviteiten. De presintaasje yn it Frysk Museum is dêr de ôftraap fan.

desimber 24, 2019 08:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.