Populêrste nijsartikel: ekskús foar Fryskpratend personiel
Resint ferskynd
In berjocht oer taalstriid wie dit jier it meast lêzen stik op It Nijs. It is ferskynd op 31 july en gie oer in klacht dy’t in frou yntsjinne hie by supermerk LIDL, om’t it kassapersoniel Frysk prate. LIDL bea doe ûntskuldigings oan. It stik is hjir te finen:
https://www.itnijs.frl/2019/07/supermerk-lidl-biedt-ekskus-oan-foar-ongemak-fan-frysk-pratend-personiel/
Op it oarde plak stiet ek in nijsartikel. It hat op 6 jannewaris op It Nijs stien en giet oer de Nederlânske Nashville-ferklearring, dêr’t in pear hûndert Nederlânske dûmnys homoseksuele relaasjes yn ôfwize.
It stiet hjir: https://www.itnijs.frl/2019/01/nederlanske-kristenen-wolle-homos-wer-ta-de-kast-yn/
Kollums dogge it altiten goed op It Nijs. Dat wie yn 2019 net oars. Op plak trije stiet in kollum fan Aant Mulder oer it ferske ‘Ik wie smoar’, op plak fjouwer ien fan Nanne Hoekstra, ek ynspirearre troch taalstriid yn in winkel, en op plak fiif in kollum fan Kerst Huisman oer hynders en kij as Fryske symboalen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje