Offisier fan justysje oer trekkers op sneldyk: oanhâlden net altyd in oplossing

desimber 27, 2019 11:58

De demonstrearjende boeren hawwe manmachtich de wet oertrêde en de plysje hat dêr amper wat tsjin dien. “Het handhaven is niet gelukt”, sa skriuwt offisier fan justysje Linda Bregman yn it juristeblêd Opportuun. “Niet op de boerendemonstratie van 1 oktober en niet op 16 oktober. En ook niet met de bouwersdemonstratie op 30 oktober.”

Trekkers meie net op ‘e sneldyk komme, ek net om te protestearjen. De plysje hat der lykwols hast gjin boeten foar jûn. By de grutste protestaksje fan boeren hat de plysje sels hielendal net oan hanthavening dien.

Neffens frou Bregman hiene in soad boeren dy’t oan de aksjes meidiene dronken. Minsken dy’t ynhierd wiene om it Binnenhôf ôf te setten, waarden bedrige, sa skriuwt hja. Boppedat hiene de boeren de stipe fan in grut part fan ‘e omstanners. De offisierske fan justysje skriuwt: “Als je dan stevig optreedt, kan de boel enorm escaleren, met alle risico’s van dien. Tegen welke prijs wil je dan gaan optreden?”

Dat it net slagge om de boeren mei harren trekkers fan ‘e sneldyk ôf te krijen, komt neffens frou Bregman mei trochdat de boeren maklik efkes fan ‘e dyk ôf kinne, in stik troch it lân ride en dan efter de tichtsetting de dyk wer op ride. Fierders seit hja dat trekkers grutte reauwen binne en dat se gjin kenteken hawwe. Dat makket hanthavening lestich.

“Feitelijk kunnen we constateren dat we hebben gefaald in het handhaven van het verbod van tractoren op de snelweg”, skriuwt frou Bregman. Dochs skriuwt hja dat hja har net machteleas fielt: “Omdat ik me realiseerde dat je deze problemen niet met het strafrecht oplost en dat ook niet daarmee moet willen oplossen.” Hja skriuwt: “Aanhouden ís gewoon niet altijd de oplossing, zeker niet in de context van grondrechten (…) In drie dagen met meer dan tienduizend demonstranten en rond de vijfduizend tractoren of bouwvoertuigen en een vaak grimmige sfeer hebben we uiteindelijk een totaal aantal aangehouden verdachten dat onder de dertig zit. Ik vind dat we best trots mogen zijn op het resultaat.”

By in blokkade fan de sneldyk A7 by de Jouwer troch Fryske demonstranten yn 2018 waarden 34 minsken arrestearre. Hja hâlden doe in bus tsjin mei antyswartepytdemonstranten. Ien fan ‘e redenen foar de oanklacht wie doe dat de blokkade in ferkear yn gefaar brocht hie. De rjochter wie it dêrmei iens.

Klik hjir om it artikel fan frou Bregman te lêzen.
Klik hjir foar it rjochtbankferslach fan de saak fan de blokkearfriezen.

desimber 27, 2019 11:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.