Oekraïne kriget nije taalwet

desimber 27, 2019 12:33

Begjin 2020 komt der in útstel foar in nije taalwet yn ‘e Oekraïne. Dat hat minister fan kultuer Anatoly Maksymtsjoek buorkundich makke. De wet kriget twa doelen: it fuortsterkjen fan it Oekraynsk as nasjonale taal en it beskermjen fan lytse taalminderheden.

De wet moat regelje dat it Oekraynsk de wichtichste lânstaal wurdt. It Oekraynsk is dwaande mei in emansipaasje: earder wie it Russysk de wichtichste taal. Yn it easten fan it lân wurdt benammen Russysk praat en de grutte Russysktalige minderheid behearsket it Oekraynsk faak net goed. De wurdearring derfoar is ek leech: yn ‘e Sovjettiid waard it as in Russysk boeredialekt beskôge. Ferskate regionale oerheden brûke it Russysk as bestjoerstaal. Oft dat neffens de wet tastien is, is in kwestje dêr’t de ôfrûne jierren ferskate rjochtssaken oer fierd binne.

Sa’n tritich persint fan ‘e befolking hat it Russysk as memmetaal, wylst 67 persint as earste taal it Oekraynsk hat. In pear persint fan ‘e befolking praat ien fan ‘e oare minderheidstalen, lykas Tataarsk, Dútsk, Jiddysk en Wyt-Russysk.

desimber 27, 2019 12:33
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.