Nije stifting foar Fryske taal en kultuer yn Noard-Dútslân

desimber 18, 2019 22:50

Der komt ynkoarten in stifting foar it befoarderjen fan de Fryske taal en kultuer yn Noard-Fryslân. Dat hat it parlemint fan de Noard-Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein, dêr’t Noard-Fryslân diel fan útmakket, woansdei besletten.

It plan foar sa’n stifting bestiet al in pear jier en Sleeswyk-Holstein set der ek alle jierren al jild foar oan ‘e kant. Dat komt út de opbringsten fan de steatslotterij. Hjoed binne de plannen definityf goedkard.

De namme fan de stifting wurdt Stiftung für die friesische Volksgruppe in Schleswig-Holstein. De stifting kriget in begjinfermogen fan oardel miljoen euro mei. Doel is dat de stifting it learen fan de Noard-Fryske taal stipet en him sterk makket foar alle foarmen fan Noard-Fryske kultuer. De stifting kriget in kantoar yn Kiel.

It Noard-Frysk hat sa’n tsientûzen sprekkers. De ôfrûne jierren hat de oerheid fan Sleeswyk-Holstein in soad foar de taal dien. Sa binne yn allegear plakken yn it Noard-Fryske taalgebiet de plaknammebuorden twatalich makke. Dat is ek bard mei de buorden op treinstasjons en mei guon rjochtingbuorden oan trochgeande diken. It Noard-Frysk yn it ûnderwiis sil de kommende jierren ek mear stipe krije.

De nije stifting is net de iennichste organisaasje dy’t war docht foar de Noard-Dútske fariant fan it Frysk. Yn de stêden Flensburch en Kiel kin men de taal studearje. Yn Bräist/Bredstedt sitte it wittenskiplike Nordfriisk Instituut en de organisaasjes Friisk foriining en Nordfriesischer Verein. Fierders is de Fryske Rie warber yn Noard-Fryslân en is der in koepelorganisaasje fan skoallen dy’t yn it Deensk en it Noard-Frysk lesjouwe.

desimber 18, 2019 22:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.