Nije sâltsilo Omrin delset

desimber 7, 2019 08:50

Ferline wike is by Omrin in nije sâltmiks-ynstallaasje delset. De kin 24/7 folautomatysk mikse, wat unyk is yn Nederlân. Mei de nije sâltsilo hat Omrin de beskikking oer in gruttere kapasiteit sâlt mei pikelwetter. De haadwegen kinne no ek mei pikelwetter sproeid wurde, in duorsumer alternatyf foar it struien mei sâlt.

Foto: Omrin

Ynnovaasje
De nije sâltmiksynstallaasje kin folautomatysk mikje, sadat in pikelwetteroplossing fan 21% garandearre is. De ynstallaasje jout boppedat in sinjaal ôf fia sms as der sâlt oanfolle wurde  moat. Sa kin der gau antisipearre wurde op sâlttekoarten. De ynstallaasje is dêrmei ynnovativer as de besteande miksynstallaasje. De kapasiteit is ek flink tanommen: yn de nije ynstallaasje kin 260 kúb pikelwetter. Mei de 50 kúb pikelwetter fan de besteande ynstallaasje wurdt de foarried gâns opskroefd.

Pikelwetter
Mei pikelwetter waarden eartiids allinne fytspaden sproeid. Mei de komst fan de nije ynstallaasje kinne fluch ferskate frachtauto’s befoarriede wurde om de haadwegen yn de gemeenten Ljouwert en Harns ek mei pikelwetter te sproeien. Oan de gemeente Waadhoeke leveret Omrin pikelwetter foar it wiet sâltstruien. De nije sâltsilo is ôfrûne wike yn wurking steld.

Mear witte oer bestriding fan glêdens troch Omrin? Sjoch hjir.

desimber 7, 2019 08:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.