Nije FNP-foarsitter hjit fan Wouter Wouda
Resint ferskynd

Wouter Wouda (foto: FNP)
De FNP hat de Jouster Wouter Wouda as nije bestjoersfoarsitter keazen. Hy folget Cees Nieboer op, dy’t sûnt it ôfgean fan Cees van Mourik it foarsitterskip tydlik waarnaam.
De 42-jierrige Wouda is sûnt 2017 foarsitter fan ‘e FNP-ôfdieling yn ‘e gemeente De Fryske Marren en sûnt in healjier ek fan it FNP-haadbestjoer. Dêr hie er ûnder oaren de redaksje fan it partijblêd de Frijbûtser mei op ‘e noed.
Wouda is net de iennichste nijkommer yn it haadbestjoer. Jan Benedictus wurdt ponghâlder en Wietske Poelman wurdt skriuwster. Janneke de Boer wurdt lid sûnder portefúlje.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje