Nije Europeeske Kommisje set útein

desimber 1, 2019 12:16

Snein set it nije deistich bestjoer fan ‘e Europeeske Uny, de Europeeske Kommisje, útein. De Kommisje bestiet út 28 kommissarissen, foar elk Europeesk lân ien. De Kommisje stiet ûnder lieding fan Ursula von der Leyen, de eardere minister fan definsje fan Dútslân. Yn prinsipe sitte de nije Eurokommissarissen fiif jier lang.

Foar Nederlân is Frans Timmermans lid fan ‘e kommisje. Hy is fise-foarsitter en dêrnjonken hat er it Europeeske klimaatbelied yn ‘e portefúlje. Eins hie Timmermans sels foarsitter fan ‘e EK wurde wollen. Hy spile as fise-foarsitter ûnder de Lúksemburger Claude Juncker al jierren lang in wichtige rol yn ‘e Kommisje. Mei klimaat hat er lykwols in wichtich beliedsmêd krige. Hy hat tasein dat er oer uterlik hûndert dagen in Europeeske klimaatwet oan it Europeesk Parlemint foarlizze sil. Doel dêrfan is dat Europa yn 2050 klimaatneutraal is. Dat wol sizze dat de Europeanen alle fersmoarging fan ‘e atmosfear wer goed meitsje, bygelyks troch beammen te plantsjen of koaldiokside yn ‘e grûn op te slaan. Dêrby kriget er stipe fan âld-PvdA-foarsitter Diederik Samsom. Hy sil dêrby nei alle gedachten fan Tsjechië, it Ongerslân en Poalen in protte wjerstân ûnderfine.

desimber 1, 2019 12:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.