Nije brêge Wjelsryp iepen foar ferkear

desimber 19, 2019 10:24

Foto: Provinsje Fryslân

De brêge yn de N384 oer de Frjentsjerter Feart by Wjelsryp is ferfongen. Yn it nije ûntwerp is de trochfearthichte fan 2,40 nei 2,60 meter oanpast. De haadrydbaan is wer beskikber foar it ferkear oer de dyk. Der jildt noch wol in beheining foar de faasje fan fyftich kilometer yn ’e oere omdat der noch ferskate saken dien wurde moatte.

Tongersdei helje grutte kranen de tydlike brêge der wei. Yn it nije jier is de oannimmer noch dwaande mei it oanbringen fan damwanden en it fuort heljen fan de tydlike dyk. Yn de wike fan 27 jannewaris 2020 wurdt de nije fangrail oan  beide kanten fan de brêge pleatst. De helte fan de rydbaan is dan ôfset, der steane ferkearsljochten om it ferkear te regeljen. Ein febrewaris is de nije brêge hielendal klear.

desimber 19, 2019 10:24
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.