Nije amtner foar Sorbyske saken

desimber 23, 2019 17:40

Sabrina Kuschy (foto: Landkreis Dahme-Spreewald)

De provinsje Dahme-Spreewald yn de East-Dútske dielsteat Brandenburch hat in amtner oansteld foar Sorbyske saken. Dahme-Spreewald leit yn de streek Lausitz, dêr’t fanâlds de Sorben wenje, in folk mei in eigen taal en kultuer.

Sabrina Kuschy is 33 jier âld. Hja hat earder foar de regionale oerheid wurke om it toerisme te befoarderjen. Hja is sels fan Sorbysk komôf. As wichtichste ûnderdiel fan har taak sjocht frou Kuschy it wurk mei jonge minsken. Hja seit: “Ik wol mei kreätive ideeën benammen jongelju bewust meitsje fan de kombinaasje fan dizze streek mei syn tradysje en syn moderne kultuer. Ik wol graach noflik mei de dielsteat Brandenburch en de Rie foar Sorbyske en Wendyske saken oparbeidzje. Fierders wol ik graach de gearwurking mei de amtners foar Sorbyske saken yn de omlizzende provinsjes yntinsivearje en mei-inoar projekten op poaten sette.”

Frou Kuschy is de earste betelle amtner dy’t har yn Dahme-Spreewald mei it Sorbysk dwaande hâldt. Sûnt 2015 die Dieter Freihoff dat op frijwillige basis. Om’t dy fan ‘t hjerst lid waard fan de Ried foar Sorbyske en Wendyske saken, koe er it wurk foar de provinsje net langer útfiere. Om’t in wet út 2018 foarskriuwt dat alle provinsjes yn it Sorbyske gebiet in amtner foar it Sorbysk hawwe moatte, waard Dahme-Spreewald teriede om in betelle funksje yn it libben te roppen.

desimber 23, 2019 17:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.