Nedersaksyske sitting yn Grinzer rjochtbank

desimber 22, 2019 16:41

Wa’t yn Grins foar de rjochtbank ferskynt, moat Nederlânsk of Frysk prate. Dy’t in oare taal prate wol, moat gebrûk meitsje fan in tolk. Dochs ferrûn in rjochtssaak ein novimber foar in grut part yn it Nedersaksysk. Foar dy taal binne der gjin offisjele tolken.

Op 28 novimber stie in 51-jierrige fertochte út Feandaam foar it stekje. Hy waard fertocht fan brânstifting. Hy prate op ‘e sitting konsekwint Grinslânsk. Dat is diel fan it Nedersaksysk, dat yn Nederlân wol offisjeel erkend is as streektaal, mar dat net de status fan rjochtstaal hat.

De rjochters behearsken it Grinslânsk ek en praten om bar Grinslânsk en Nederlânsk. De offisier fan justysje koe it Grinslânsk net ferstean. Hja krige help fan in kollega dy’t it Grinslânsk oersette.

In frou op ‘e publike tribune sei letter tsjin it Dagblad van het Noorden dat hja de saak mar “tot op zekere hoogte” neikomme kinnen hie. De krante stelde op syn webstee de fraach oan syn lêzers oft it ek in rjocht wurde moat om yn ‘e rjochtbank Grinslânsk en Drintsk te praten. In grutte mearderheid wie dêr foarstanner fan. De foarriedige útslach stiet hjirûnder.

desimber 22, 2019 16:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.