Mooglik nije boere-aksjes mei Kryst

desimber 6, 2019 09:30

Boeren tinke deroer om opnij aksje te fieren. Foar de krystdagen soene distribúsjesintra beset wurde moatte, sadat minsken net genôch iten yn ’e hûs helje kinne. Aksjegroep Farmers Defence Force oerleit no moandei oer de mooglikheden fan in nije protestaksje.

Foto: pixabay.com

De boeren binne lilk oer in brief dy’t minister Schouten fan Lânbou woansdei ferstjoerd hat oan de Twadde Keamer. Dêryn jout se oan hokker ôfspraken der mei provinsjes makke binne oer stikstofmaatregels.

Boeren sizze dat de ôfspraken bûten harren om makke binne. LTO Nederlân is ek net tefreden mei de ôfspraken dy’t it kabinet mei de provinsjes makke hat. De lânbou-organisaasje sjocht se as in tuskenstap en fynt se net genôch om de stikstofympasse te trochbrekken. De ôfspraken binne noch net definityf. Deputearre Steaten yn de provinsjes moatte der noch mei akkoart gean.

desimber 6, 2019 09:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.