Moardner Bouterse bliuwt populêr

desimber 2, 2019 20:17

Desi Bouterse

De feroardieling fan ‘e âld-presidint fan Suriname Desi Bouterse hat net makke dat al syn oanhingers him ôffallen binne. Yn Paramaribo litte syn meistanners dúdlik fan har hearre.

De Nationale Democratische Partij fan Bouterse, de NDP, bliuwt yn guon wiken dúdlik populêr. Partijflaggen wapperje en minsken uterje harren stipe foar Bouterse.

De âld-presidint waard dit wykein feroardiele foar syn oanpart yn de desimbermoarden fan 1982. Doe pakten militêren ûnder lieding fan Bouterse sechtjin politike tsjinstanners op. Hja waarden dêr martele en deasketten.

Yn Suriname bestiet by in protte minsken noch it idee dat de tsjinstanners mei help fan Nederlân in steatsgreep oan it tarieden wiene. Hja sizze dat Bouterse wol yngripe moast. Der is lykwols nea in oanwizing foar fûn dat soks oan ‘e oarder wie. Bouterse wie sels in militêre diktator.

desimber 2, 2019 20:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.