Mislearre belied, nije kânsen

desimber 9, 2019 08:28

Skôging

Op 5 desimber krige deputearre Poepjes har sinteklaaspakje oerlange troch de ynspeksje fan it ûnderwiis. Ornaris binne je der wiis mei as je in pakje krije, mar fan dit pakje sil Poepjes net bliid wurden wêze, ek al fûn se lykas as altyd in ljochtpuntsje. “De provinsje hie mei faasje de oanbefellingen fan de ynspeksje út 2010 oanpakt”, sei se. Har treft gjin blaam. De thússide fan de provinsje iepenet it nijs oer it rapport fan de ynspeksje mei: “It ûnderwiis yn it Frysk is op in soad basisskoallen yn Fryslân noch net yn oarder”. Dat suggerearret dat mei in bytsje ynspanning it samar goed komt mei it ûnderwiis yn it Frysk. De werklikheid is dat it rapport in grouwe ûnfoldwaande jout oan it ûnderwiis yn it Frysk.

Foar it lêst yn 2009 hie de ynspeksje neigien hoe’t it der foarstie mei it Frysk yn it ûnderwiis. De konklúzje wie doe: “it giet striemin mei it ûnderwiis yn it Frysk, útsein in lyts tal skoallen dêr’t se har der bot foar ynsette.” De measte skoallen lûke har neat oan fan de ferplichting om Frysk te jaan sûnt 1980 yn it basis- en sûnt 1996 yn it fuortset ûnderwiis. Nei 2010 bekroade de ynspeksje him net mear om it Frysk yn it ûnderwiis ûnder it ferlechje dat salang’t der gjin goede toetsen wiene soe de ynspeksje syn taak net útfiere kinne. No komt de ynspeksje dan mei syn nijste befiningen. Der binne wol toetsen, mar in suterige 3% brûkt dy mar. Dat skynt gjin beswier te wêzen, want de ynspeksje oardielet no wol. Koartwei: der is yn de lêste tsien jier neat ferbettere mei it Frysk yn ’e skoallen.

Wa’t sels lesjûn hat op in twatalige skoalle yn de sechstiger jierren fan de foarige iuw en meiwurke hat om ûnderwizend personiel it ark oan te rikken om oan de ferplichting fan ûnderwiis yn it Frysk yn 1980 te foldwaan te kinnen, sakket de moed miskien yn ’e skuon. Eins is der neat feroare sûnt sechstich jier lyn in tal entûsjaste ûnderwizers úteinsette mei de twatalige skoalle. Doe ek woe de grutte massa fan ûnderwizers en âlden der gjin bek op sette en fûnen se it fergriemen fan tiid. Salang’t it ekstra jild oplevere foar lytse skoallen waard it troch de fingers sjoen. Dat is nei de wetlike ferplichting yn 1980 net better wurden, ek net doe’t de trijetalige skoalle betocht waard. Wie op it hichtepunt 17% fan de basisskoallen twatalich, no seit de ynspeksje dat 8% fan de skoallen sertifisearre trijetalich is. De oare skoallen litte it Frysk foar in part links lizze en foar in oar part dogge se der sa no en dan wat oan. Foar de measten is Frysk de slútpost fan it programma.

Yn it fuortset ûnderwiis is de situaasje net better. Al fan 1968 ôf wie it mooglik om Frysk as eksamenfak te kiezen. It foel foar de measte skoallen net ta om in groepke fan mear as tsien learlingen byinoar de skrabjen. Foar it grutste part fan de learlingen jilde dat allinne yn it earste jier ien lesoere Frysk op it roaster stie. Mar foar in part bongelet sels dat iene oerke derby, konstatearret de ynspeksje. Sa’n los oerke set gjin seadden oan ’e dyk. Hielendal net as je betinke dat 40% fan de leararen dy’t Frysk jouwe net it foech hat om Frysk te jaan. De measte leararen Frysk binne “lonely wolves”. Se ha binnen de skoalle meastal gjin fakgenoaten. By sykte is der gjin ferfanging en ferfalle de lessen. Dat der dan sa’n bytsje learlingen Frysk as eksamenfak kieze hat ek te krijen mei it gat tusken it earste en de lêste twa learjierren. Yn it 2ᵉ, 3ᵉ en 4ᵉ (vwo) ha de learlingen gjin Frysk.

Yn al dy jierren is der in boekekast folskreaun oer ûnderwiis yn it Frysk: rapporten oer learplannen, learmiddels, eintermen en letter kearndoelen, projekten en ûnderwiisbegelieding. Folle net genôch. It resultaat is dat it Frysk noch altyd op it janpoepsplak sit. Eins wisten we dat al. Wy hiene it rapport It is mei sizzen net te dwaan fan Varkevisser/Walsweer al. Wy wisten al lang út ûnderfining dat it Frysk op de measte skoallen syn gerak net kriget. Dêr wiene al dy rapporten net foar nedich. Dochs is it in segen, lykas Abe de Vries seit, dat no lang om let dit ynspeksjerapport de hurde werklikheid net út ’e wei giet en elkenien mei de noas op de feiten drukt. Soe no de tiid fan “pappen en nat houden” echt foarby wêze? Komt der no in ein oan it joecheigerop oer it “sukses” fan it eigen belied op it provinsjehûs? Je soene it hoopje. Om dan no te roppen dat de provinsje in eigen ûnderwiisynspeksje foar it Frysk ha moat, omdat wy (sis: Poepjes) it better kinne soene, is in ôfliedingsmanoeuvre. Krekt as soe it mei in eigen provinsjale ynspekteur foar it Frysk better gean. De earste soarch moat no wêze de saak op oarder te bringen. Al steane je ek foar om de eigen saakjes ticht by hûs te regeljen: der binne no urgintere saken. Boppedat moatte jo je ôffreegje wat de posysje fan sa’n ynspekteur Frysk wurde sil. De kâns is grut dat dy krekt sa’n isolearre plak yn de ynspeksje kriget as de learaar Frysk yn it fuortset ûnderwiis no hat.

De skiednis fan de lêste sechstich jier hat sjen litten dat it oant no ta swimmen mei de eagen ticht wie. Soks mocht net sein wurde. Wa’t kritysk wie oer it belang fan attitude as losse doelstelling, oer it (ûndeskundich) gepiel mei de kearndoelen of it ûntheffingsbelied, waard fuortset as koartsichtich. De ynspeksje wynt der gjin doekjes om as er seit dat it ûntheffingsbelied remjend wurket op it ambysjenivo fan de skoallen. Doe’t it projekt Frysk yn it fuortset ûnderwiis (Van der Bij/Valk, 2005) sa’n tweintich jier lyn neat opsmiten hie, waard mei de oanbefellingen neat dien. As in projekt neat opleveret hoecht dat net slim te wêzen as je der mar wat fan leare. Dêr is lef en fyzje foar nedich.

Krekt dy fyzje op it plak fan it Frysk yn de mienskip en de skoalle misse wy no. Dêrtroch wurdt op goed gelok sa no in skot yn it wylde wei weage. Salang’t it Frysk net in yntegraal plak yn de skoallen hat, sil it in fiifde tsjil oan ‘e wein bliuwe. Sa’n fiifde tsjil ha je allinne mar lêst fan. Yntegraal betsjut dat it ûnderwiis yn Fryslân troch de twataligens op alle plakken yn de skoalle oars is as yn in ientalige skoalle. Mei it jaan fan ien oerke Frysk yn ’e wike kinne jo mei goed fatsoen net prate fan meartalich ûnderwiis. Oeral binnen de doarren fan de skoalle en by alle lessen wurdt it Frysk likefolle brûkt as it Hollânsk. Sawol yn de kofjekeamer, yn de leararegearkomsten, op it oanplakboerd as yn alle lessen. Taal leare jo troch dy taal te brûken. Alle lessen, wêroer ek, binne tagelyk taallessen. Yn de spesifike taallessen sa’t dy fanâlds op in roaster steane, wurde in tal ekstra feardichheden leard. Dêrom is in ynspekteur foar allinne it Frysk in ferkearde ynstek.

Fansels is it dan needsaaklik dat alle leararen Frysk brûke kinne en bern helpe om dy taal sa goed mooglik te brûken. Earst dan binne it Frysk en de leararen Frysk in folweardich diel fan it skoalprogramma. Dat freget liederskip fan de provinsje en de skoallen. It is al lang bekend dat yn sa’n gefal de lieding de karre lûke moat. As de direkteur yn dwaan en litten sjen lit dat it Frysk in folweardich plak yn ’e skoalle hat, kin der wat feroarje. Prate oer meartaligens giet folle fierder as in leske Frysk. Dêr heart wis Frysk as ynstruksjetaal by. Spitigernôch praat de ynspeksje dêr net oer. It is te hoopjen dat it ynspeksjerapport de saak yn beweging set.

Jabik van der Bij

desimber 9, 2019 08:28
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Cor Jousma desimber 9, 10:22

    [Om dan no te roppen dat de provinsje in eigen ûnderwiisynspeksje foar it Frysk ha moat, omdat wy (sis: Poepjes) it better kinne soene, is in ôfliedingsmanoeuvre.]

    Iens!

    Hoe soene de Provinsjale Steaten en de deputearre no ynienen lâns de wei fan in eigen ynspeksje dien wurk meitsje kinne?

    Eins soe dy ûnderwiisynspeksje net iens ûnder it ministearje falle moatte. De slachter moat net it eigen fleis keure… En dan soene de amtners fan ús provinsje soks better dwaan???

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.