Ministearje wol kontrôle op Fryske les net oan provinsje oerdrage

desimber 5, 2019 20:45

Hjoed berjochte It Nijs deroer dat it der sa min hinne leit mei it skoalfak Frysk. Deputearre Sietske Poepjes sei yn in reaksje dat de provinsje it tafersjoch op dat fak better fan de ûnderwiisynspeksje oernimme koe. It ministearje fan ûnderwiis hat op har útspraak reageare. In wurdfierder meldt oan Omrop Fryslân dat dat in min idee wêze soe. Neffens it ministearje kin de ynspeksje soks better en hat de ynspeksje ek in wetlike taak.

Yn 2010 kundige de ûnderwiisynspeksje oan dat er gjin kontrôles op it fak Frysk mear útfiere soe. Dat feroare ferline jier, neidat der nij toetsmateriaal foar it Frysk en in oersjoch fan de stân fan saken fan it fak Frysk presintearre wie, makke troch hegeskoalle NHL. It haad fan ‘e ynspeksje kundige doe lykwols oan dat de ynspeksje in skoalle dy’t net oan ‘e easken foldie net straffe soe. De provinsje waard doe wol teriede dat skoallen uterlik yn 2030 oan de wetlike easken foldwaan moatte, mar hie net de middels om dat ôf te twingen.

desimber 5, 2019 20:45
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Abe desimber 6, 00:45

    De reaksje fan deputearre Poepjes, dat de Provinsje tenei better it ynspektearjen fan it Frysk ûnderwiis fan de ryksynspeksje oernimme kin, roait igge noch seame. It ûndersyk fan de ryksynspeksje 2018-2019 is in segen foar it Frysk ûnderwiis. It leit hierskerp de finger op de seare plakken. Dy seare plakken binne spitigernôch foar in grut part troch de provinsje Fryslân sels feroarsake mei syn ambysjeleaze kearndoelebelied. De ryksynspeksje advisearret dan ek om dêr feroaring yn te bringen. Wa’t werklik witte wol hoe’t it sit mei it Frysk ûnderwiis hjoed-de-dei, kin gewoan sels it rapport lêze: https://www.onderwijsinspectie.nl/documenten/themarapporten/2019/12/05/fries-in-het-primair-en-voortgezet-onderwijs?fbclid=IwAR31VfjcLz2NtiVIf0jmDritfE8Irf7UPPGCtv_bzi8dpu1m4NmD_s31mn4.
    Ik kom der moarnjûn op de Feartfisk op werom.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.