Martin Jarrie – ‘Manger avec les yeux’ yn Museum Belvédère

desimber 24, 2019 08:59 Fernijd

It wurk fan de Frânske keunstner Martin Jarrie (1953) beweecht him op it grinsflak fan skilder- en yllustraasjekeunst. Syn boartlike en soms absurde wurken binne tige bekenyn Frankryk en fier dêrbûten. De rom opsette eksposysje Manger avec les yeux (‘mei de eagen ite’) yn Museum Belvédère, is de earste museale presintaasje fan de keunstner yn Nederlân en omfettet mear as hûndert wurken. De measte stikken waarden makke as yllustraasje foar (berne)boeken en tydskriften, mar syn frije wurk is ek royaal fertsjintwurdige.

Wurk fan Martin Jarrie (foto: Museum Belvédère)

It wurk fan Jarrie ferbynt in protte byldtradysjes, fariearjend fan âlde skilderkeunst, naïve keunst, byldstrip en yllustraasje, ta in folslein eigen idioom. Syn byldtaal liket soms op de helderheid fan piktogrammen, dan wer op de realistyske ferbylding. Dêrby lit er yn alle gefallen in bysûnder omtinken foar kleur en komposysje sjen. Dy kwaliteiten en de protte ferhoalen ferwizings nei persoanlike oantinkens en universele wearden tille syn wurk fier út boppe it suver yllustrative.

Nije katalogus
By de eksposysje is in ryk yllustrearre katalogus ferskynd, mei tekst fan Hans Boer. Hy is ek de gearstaller fan de útstalling. Hoewol’t de Frânstalige titel oars tinken docht, is it boek Nederlânsktalich. It befettet in protte sidegrutte kleureôfbyldlings fan Jarrie’s wurk.

De eksposysje is fan 21 desimber 2019 o/m 5 april 2020 te sjen.

desimber 24, 2019 08:59 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.