Maltezer sakeman ferklage om moard Daphne Caruana Galizia, premier stapt op

desimber 1, 2019 00:01

De Maltezer sakeman Yorgen Fenech is sneon ferklage woarn foar de moard op sjoernaliste Daphne Caruana Galizia. Hja waard yn 2017 fermoarde. De sjoernaliste wie o sa kritysk op ‘e oerheid en skreau geregeld oer korrupsje. Der is in protte krityk op ‘e reaksje fan ‘e Maltezer oerheid: dy soe te min dwaan om de moardner op te spoaren en dwerslizze by it oprjochtsjen fan in betinkplak foar de sjoernaliste.

Fenech waard woansdei arrestearre. Hy seit dat er ûnskuldich is. Neffens de iepenbier oanklager is er lykwols it brein efter de moard. Frou Caruana Galizia hie koart foar har dea in artikel skreaun oer bannen tusken in bedriuw yn Doebaai en bedriuwen dêr’t Maltezer politisy oandielen yn hiene. It hat koartlyn bliken dien dat it bedriuw yn Doebaai eigendom is fan Fenech.

Der wurdt grute dat premier Joseph Muscat besocht hat om it ûndersyk nei de moard op de sjoernaliste te fersteuren. Twa fan syn ministers wiene fan ‘e wike al opstapt. Sneon hat Muscat buorkundich makke dat er sels op 18 jannewaris al syn taken oerdraacht. Dan kiest syn sosjaal-demokratyske partij in nije lieder. Dy sil Muscat ek as premier opfolgje.

desimber 1, 2019 00:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.