‘Magic Box’ wurket tsjin itenfergriemerij

desimber 12, 2019 10:21

Foto: pixabay.com

Sa’n ien miljoen Nederlanners hawwe har al oanmeld foar de app Too good to go. Oan ’e ein fan de dei kinne se in saneamde Magic Box keapje, bygelyks by in restaurant of in bakker. Dêryn sitte bôle, suvel, grienten of kant en kleare produkten dy’t noch goed te iten binne, mar net mear ferkocht wurde kinne. Iten dat fan it jiskefet rêden wurdt.

Konsuminten betelje foar de produkten yn de doaze, meastal in tredde fan de normale priis. It fenomeen bestiet sûnt 2015 en is oerwaaid út Denemarken wei. Underwilens wurdt op dy wize iten besparre yn trettjin Europeeske lannen, mei yn totaal santjin miljoen brûkers. Yn Nederlanner binne al oardel miljoen mielen rêden.

desimber 12, 2019 10:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.