Lyk fan frommes fûn yn Boalserter feart

desimber 1, 2019 12:41

Yn Wommels is sneintemoarn in deade frou fûn. Se lei yn ‘e Boalserter feart by de strjitte de Tywert. Sneon hat de plysje dêr yn de omkriten socht nei in 54-jierrich frommeske út Poalen dat fermist waard. It is noch net bekend oft de frou dy’t no fûn is, de fermiste Poalske is. Hja waard tongersdei foar it lêst sjoen.

Helptsjinsten binne oanwêzich op it plak dêr’t de frou fûn is.”We zijn nog bezig met het onderzoek”, seit plysjewurdfierder Ernest Zinsmeyer. Earst wurdt der ûndersyk op lokaasje dien en dêrnei wurdt it lyk út it wetter helle. De plysje kin noch gjin meidielingen dwaan kin oer de identiteit en ek net oer de deadsoarsaak. De plysje giet foarearst net út fan in misdriuw.

Boarne:  Omrop Fryslân

desimber 1, 2019 12:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.