Krystfakânsje yn Natuermuseum Fryslân
Resint ferskynd
Yn ’e krystfakânsje is der fan alles te dwaan yn it Natuermuseum Fryslân yn Ljouwert. Stimme op jins favorite bist yn de útstalling Nederlânsk Kampioenskip Preparearjen bygelyks en in tochtsje meitsje yn de Underwettersafary. Dêrneist binne der twa speurtochten dêr’t bern it museum op in oare wize yn ûntdekke.
Bern belibje in spannende syktocht yn ’e seal fan Kaptein Severein. Dy Fryske kaptein fear oer de wrâldseeën en die fiere lannen oan. Dêrby sammele er fan alles. Yn it museum hat er in spesjaal reiskabinet dêr’t syn skatten útstald binne. Fan syn reizen hold er in lochboek by, mar dat hat er net hielendal ôfmakke. Bern sille him dêrby helpe.
In twadde speurtocht hat as tema Darwins Souder. Op de rommelsouder fan Darwin ûntdekke bern ferskillende kanten fan de evolúsjeteory. Foar de speurtocht binne der letters ferstoppe tusken Darwins guod. Wapene mei in bûslampe en in boekje mei oanwizings, sille se sykje tusken de bonken en opsette bisten. Beide speurtochten binne fergees en gaadlik foar bern oant acht jier.
De krystfakânsje is de lêste kâns op de Oerol-ynstallaasje Stimmen yn ’e Nacht te sjen, krekt as de eksposysjes Swim Fish Swim! oer fiskmigraasje en de Noorderlicht-foto-eksposysje The Collective Landscape. Dy tydlike spesjale útstallings wurde nei de krystfakânsje ôfbrutsen om plak te meitsjen foar in spejale eksposysje oer gif yn ’e natuer. By GIF komme der in protte libbene giftige bisten nei it Natuermuseum!
Mear ynformaasje is te finen op www.natuurmuseumfryslan.nl.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje