Krystfakânsje it drokst foar brânwacht

desimber 31, 2019 10:09

Foto: pixabay.com

Mei de jierwikseling kinne in protte minsken har ûntspanne, mar foar de minsken fan de brânwacht binne dat krekt de drokste dagen. Benammen yn Noard-Hollân moatte se dan faak yn aksje komme. Soks docht bliken út de jongste gegevens fan de brânwacht, it Instituut Fysieke Veiligheid en it Centraal Bureau voor de Statistiek, dy’t troch beslist.nl, ûndersocht waarden.

De brânwachten yn Noard-Hollân moatte, mei yn trochsneed 57,5 brânynsidinten de 10.000 ynwenners it jier der it faakst op út. Brânwachtkorpsen yn Súd-Hollân (54,7), Limboarch (52,7) en Seelân (48,9 gefallen de 10.000 ynwenners) wurde ek faak oproppen.

It lêste fearnsjier is eins alle jierren wer it drokste skoft foar de brânwacht. Dan binne der alle moannen sa’n 10.500 oproppen. De oarsaken binne dan faak skoarstienbrannen, mei’t de iepen hurd dan wer oangiet, opsetlike brantsjes yn de oanloop nei de âldjiersdei en it aloan mear brûken fan elektryske apparatuer (koartsluting).

Fatale brannen
Fatale brannen, mei op syn minst ien deadlik slachtoffer, wiene der yn de lêste fiif jier foaral yn febrewaris (trochinoar 4,4 gefallen). Minsken rinne it measte risiko nachts tusken twaen en seizen (19,9%). Smoken is mei 28% de faaks foarkommende oarsaak fan fatale brannen, mar koartsluting (18%) is ek faak de oarsaak en relatyf faak it itensieden (15%).

Hoe foar te kommen?
Op beslist.nl wurdt hieltyd faker om (tûke) brânprevinsje-artikels socht. Dan giet it it meast om reekmelders, brândwêsters en melders fan koalmonokside. Minder faak wurdt socht om tekkens foar it dwêsten, ljedders om te flechtsjen, gasmelders en hjittemelders.

It hiele ûndersyk is te finen op https://www.beslist.nl/info/brandpreventie.html

desimber 31, 2019 10:09
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.