Kom by de Fryske Beweging

desimber 22, 2019 10:33

Foarsitter Pier Bergsma (rjochts) fûstket mei ôfgeand bestjoerslid Hans Kort. Boarne: It Nijs

Op de lêste gearkomste yn 2019 fan it Deistich Bestjoer fan de Ried fan de Fryske Beweging naam bestjoerslid Hans Kort ôfskie. Projekten dêr’t Kort de lêste tiid primêr ferantwurdlik foar wie, binne de hiemside fan de Fryske Beweging, de Fryske Reklamepriis en it Fryslân Fûns. Fierders hat er him ûnder oaren dwaande holden mei nijsbrief Wykblêd It Nijs en it tydskrift De Nije. Boppedat hat er in skoftke waarnimmend ponghâlder west. Foar al dy projekten is de Ried dêrom no op syk nei assistinsje. Wa’t warber wêze wol foar Fryslân, Friezen en Frysk kin sollisitearje fia dit kontaktformulier. Sawol bestjoersleden as frijwilligers binne wolkom.

In pear ôfskiedswurden fan Hans Kort. Boarne: It Nijs

Yn in koarte ôfskiedsrede ljochte Kort syn driuwfear foar it oanheakjen by de Ried ta: “Ik kin der net oer dat guon Frysktalige âlden tinke dat harren bern beheind wurde soene troch de Fryske taal en dy dêrom yn it Nederlânsk grutbringe. Undersyk lit sjen dat twa- en trijetalige bern harren just better ûntwikkelje, sels ferlike mei folle tûkere bern. Frysk is in moaie taal en it moat gewoan sa bliuwe dat we dy mei-inoar sprekke.”

De lêste bestjoersgearkomste fan de Ried fan de Fryske Beweging wurdt tradisjoneel kombinearre mei in iterijke. Dit jier hie de gearkomste dêrom plak yn ytkafé Jonker Sikke yn Jellum.

Earder skriuwer Renze Valk oan tafel mei de nije skriuwster Folkje Koster. Boarne: It Nijs

De eardere skriuwer Renze Valk skode dêr by oan om’t er ferline jier troch sykte net by syn eigen ôfskie wêze koe en om ferslach út te bringen oer it taalbelied fan de gemeente Ljouwert, in projekt dêr’t er him noch as frijwilliger mei dwaande hâldt.

Wa’t gjin tiid mar noch wol wat sinten oer hat, kin de Ried fan de Fryske Beweging ek stypje mei in jefte. Om’t de Ried in kulturele ANBI-stifting is, is soks fiskaal oantreklik foar wa’t boppe de drompel foar jeften útkomt. It is fansels tûk om it jild dan noch foar de jierwiksel oer te meitsjen. It bankrekkennûmer fan de Ried fan de Fryske Beweging is: NL55 INGB 0001 1234 54.

desimber 22, 2019 10:33
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. jangerben mulder desimber 25, 21:18

    Wat my fernuverd is dat as lid jo in fraach oan Pier Bergsma stelle , dat jo gjin andert werom krije.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.