Kallemoai mei fan de rjochter bliuwe

desimber 25, 2019 06:37

It feest Kallemoai op Skiermûntseach hoecht net te feroarjen. Dat hat de Rie fan Steat tiisdei oardiele. Dat is de heechste rjochter yn Nederlân.

Mei pinkster hysje de eilanners alle jierren in koer yn in mêst mei in hoanne deryn. Dy bliuwt dêr trije dagen sitten. Hy kriget wilens wetter en foer en in bistedokter hâldt de sûnens fan it bist fia in kamera yn ‘e rekken. Der waard lykwols klage dat it gie om bistemishanneling en it Amsterdamske Comité Dierennoodhulp stoep sels nei de rjochter om it feest ferbiede te litten.

De rjochter oardiele ferline jier al dat Kallemoai gjin bistemishanneling is. De Amsterdammers giene yn heger berop. Dat hawwe hja no ek ferlern. Hja hawwe minister fan lânbou Carola Schouten ek frege om in ferbod, mar dat hat hja wegere.

Kallemoai is fanâlds in fruchtberheidsfeest dat op folle mear plakken fierd waard. Op Skier wurd de hoanne de sneon foar pinkster yn ‘e koer stoppe en der de tiisdei nei pinkster wer út helle. Dat is de dei dat de Friezen fanâlds rjocht sprieken by de Opstalbeam. Fanâlds wiene der dy deis allegear rituelen om in goede rispinge te bewurkmasterjen. Op Skier wurde salang’t de hoanne yn ‘e koer sit allegear spultsjes dien.

desimber 25, 2019 06:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.