It wurdt tinken mei it oanpakken fan de feangreiden

desimber 3, 2019 22:58

In miks fan maatregels docht it meast fertuten om boaiemdelgong en CO2-útstjit tsjin te gean en tagelyk de lânbou in duorsum takomstperspektyf te bieden. Dat blykt út de maatskiplike koste-bate-analyze (MKBA) ‘Remming boaiemdelgong Frysk feangreidegebiet’, dy’t de Provinsje Fryslân en Wetterskip Fryslân opstelle litten hawwe.

Ynvestearring yn feangreiden

Yn de MKBA is ûndersocht hokfoar ynvestearringsprogramma yn it feangreidelân de measte baten opsmyt. By kosten giet it om ynvestearringen yn de wetterhúshâlding lykas gemalen, keardammen en drainaazje. By baten is ûnder mear sjoen nei de fertsjinmodellen foar de lânbou. Mooglike maatskiplike baten troch fermindering fan boaiemdelgong lykas de ôfname fan skea oan diken, rioelearringen en fundearringen, en fermindering fan CO2-útstjit kamen allyksa oan ’e oarder.

Oanmetten wurk yn it wetterbehear biedt de measte kânsen om as boer mei minder drûchlizzing itselde fertsjinmodel fuortsette te kinnen. Fierdergeand wietmeitsje, mei in oar grûngebrûk lykas natuerynklusive lânbou, remmet de boaiemdelgong en CO2-útstjit it meast. In miks fan beide is effektiver as it nimmenn fan generike maatregels foar it hiele feangreidegebiet, sa is de konklúzje. “Deze MKBA laat zien dat investeren in het veenweidegebied loont”, seit Jan van Weperen fan it Deistich Bestjoer fan Wetterskip Fryslân. “De maatschappelijke baten zijn fors en met een slimme aanpak blijven er voor boeren goede verdienmodellen over. Maar we moeten het wel samen doen: overheden, boeren, inwoners en ook consumenten.”

Ynearsten de fokus op in tal gebieten

Deputearre Steaten fan de Provinsje Fryslân en it Deistich Bestjoer fan Wetterskip Fryslân wolle de oanpak yn de feangreidegebieten Hegewarren en Aldeboarn-De Deelen yntinsivearje. Dêr lizze neffens harren op koarte termyn de grutste kânsen om CO2-útstjit te minderesearjen en boaiemdelgong ôf te remjen. Likegoed binne der mooglikheden foar kombinaasjes mei ferskate oare doelen, lykas greidefûgelbehear en it fergrutsjen fan bioferskaat.

Feangreidegebiet. Foto: Wikipedia/Rasbak – lisinsje CC BY-SA 3.0

Yn oare kânsrike feangreidegebieten wol it bewâld de al úteinsette eksperiminten foarriedich trochsette. Soks bart yn de Grutte Feanpolder, Idzegea, de Brekkenpolder en it Grouster Leechlân. It is te rêden om proeven mei grûnwetterstjoerd peilbehear, ferbetterjen fan de boaiemfruchtberens en it eksperimintearjen mei oare foarmen fan lânbou. Dy proeven moatte mear ynsjoch jaan yn de effekitiveit fan bepaalde maatregels. It eardere kânsrike gebiet Snitsermar-East wurdt in projekt neffens de ‘Natuer mei de mienskip’-oanpak. Snitsermar-West wurdt net mear sjoen as kânsryk gebiet. Dat hat ûnder oare te krijen mei de boaiemgearstalling fan klaai op fean. It gebiet sil lykwos skielk noch wol ûnder de takomstige feangreide-oanpak beflapt wurde. Deputearre Douwe Hoogland: “Uteinlik wolle wy ta nei maatregels foar it hiele feangreidegebiet. Dat is kompleks, mar yn alle gefallen kânsryk. Wy hawwe mear kennis nedich fan bygelyks de effekten fan ûnderwetterdrainaazje en alternative fertsjinmodellen, om in fundearre kar meitsje te kinnen.”

Duorsum takomstperspektyf

Provinsjale Steaten en it Algemien Bestjoer fan Wetterskip Fryslân beprate de maatskiplike koste-bate-analyze op 8 jannewaris 2020 yn in mienskiplike ‘byldfoarmjende’ gearkomste. Provinsje Fryslân en Wetterskip Fryslân stelle yn de hjerst fan 2020 in Feangreideprogram foar de perioade 2020-2030 fêst. Yn de hjoeddeistige bestjoersperioade folget in fierdere ynfolling en oanskerping fan de ‘yntegrale oanpak’. Sa wurdt de miks neamd fan twa (fan yn totaal fiif) yn de MKBA analysearre alternativen: oan de iene kant maatwurk op de lânbougrûnen (lânboufoarstel) en oan de oare kant it fierder wietmeitsjen fan it fean (inisjatyffoarstel Provinsjale Steaten).

Mei it Feangreideprogram wolle provinsje Fryslân en Wetterskip Fryslân de boaiemdelgong yn it feangebiet ôfremje en de CO2-útstjit tebekkringe. De beide partijen wolle sa bewurkmasterje dat der ‘in duorsum takomstperspektyf’ foar de lânbou bestean bliuwt. De ôfrûne twa jier binne yn ferskate feangreidegebieten al gebietsprosessen op ’e gleed kommen. Dêr hawwe belutsenen sels by neitocht wêr’t yn it gebiet kânsen lizze en hokker maatregels mooglik binne. Boppedat rinne der al ferskate proeven om de effektiviteit fan maatregels te ûndersykjen. Skielk wurde de oanbelangjende gebietsplannen op ‘e nij opsteld en dan yn ‘e mande mei de kansrike gebieten.

Boarne: Provinsje Fryslân

desimber 3, 2019 22:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.