It Fryske Gea wol oer syn eigen grinzen hinne regearje

desimber 17, 2019 15:21 Fernijd

Direkteur Henk de Vries fan It Fryske Gea. Boarne: It Fryske Gea

Direkteur Henk de Vries dêroer yn De Nije:

Om de natuer goed beskermje te kinnen hat in natuergebiet in soarte fan robústens nedich. Dat wol sizze dat it dreech wurket as in boer neist in gebiet fan in natuerorganisaasje in oar wetterpeil ha wol. Dy robústens is it fûnemint ûnder de natuerbeskerming yn Nederlân. As it om robúste gebieten giet, kinne jo dy optimaal ynrjochtsje foar de natuer. Hjoed-de-dei neame we dat it Natuurnetwerk Nederland. (…) It Gea fynt it wichtich om in miening te hawwen of advys te jaan, want “belied fan oaren moat ús net tsjinwurkje.” It Fryske Gea docht al fan de oprjochting ôf oan beskerming fan de natuer mei each foar bioferskaat. Bûten de natuergebieten stiet in protte druk op it bioferskaat. It Fryske Gea besiket dêr mei oare partijen in antwurd op te jaan. Hat it te krijen mei it brûken fan gif? Binne de berms net goed ynrjochte? Is it behear net yn oarder? Wat de oarsaken ek binne, se ha ynfloed op wat der libbet yn de natuergebieten fan it Gea. “Dêrom bemuoie we ús graach mei de omjouwing. Wy stypje dêrom somtiden ek projekten bûten ús eigen natuergebieten.”

Yn in fraachpetear mei direkteur Henk de Vries it Fryske Gea yn nûmer 1 fan de earste jiergong fan De Nije, side 20, komt noch folle mear op it aljemint, lykas in oplossing foar de feanproblematyk (sjoch ek: It Fryske Gea wol it fean rêde), oare funksjes foar lânbougebieten, it nut fan natuer, de identiteit fan it Fryske lânskip en it belang fan it Frysk.

Tema fan de nijste jefte fan it Frysktalige tydstkrift De Nije, dy’t no yn tydskriftekiosken, boekhannels en de supermerken fan Poiesz leit, is it spanningsfjild tusken lânskip en ekonomy. It blêd kostet los € 4,95 (yn de winkel); de priis foar in abonnemint (fjouwer jeften yn it jier) is € 17,50. Reaksjes en/of oanmeldings foar abonneminten kinne nei: redaksje.denije@gmail.com.

desimber 17, 2019 15:21 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.