Hûs yn Amearika ferkocht foar 150 miljoen

desimber 13, 2019 09:19

In hûs yn de wyk Bel Air yn Los Angeles is ferkocht foar sa’n 150 miljoen dollar (134 miljoen euro). It giet neffens Amerikaanske media om de heechste ferkeappriis dy’t yn Kalifornië ea foar in hûs betelle is.

Foto: pixabay

De keaper is Lachlan Murdoch, de soan fan mediamagnaat Rupert Murdoch. Hy is no de eigener fan in chateau út 1930, oplutsen út kalkstien en boud yn de Frânske neoklassisistyske styl. It hûs beslacht 2300 fjouwerkante meter, hat achttjin sliepkeamers, 24 baaikeamers, in swimbad, in tennisbaan en in prachtich útsjoch oer de Stille Oseaan. Der is in kelder mei 12.000 wynflessen. Om it hûs hinne leit lân fan sa’n 42.000 kante meter. Ald-presidint Ronald Reagan wenne ea yn in bygebou op it bûten.

Besjoch in filmke fan it bûten op YouTube.

Dochs is der in hûs dat noch djoerder is. ‘The One’, in ûnbidich hûs yn de wyk Bel Air yn Los Angeles hat in fraachpriis fan mar leafst 500 miljoen dollar (447 miljoen euro). It hûs leit op in heuvel, hat om it hûs hinne frij útsjoch, fiif swimbaden, in teater, in bowlingbaan en in eigen nachtklup.

desimber 13, 2019 09:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.