Harmke fynt har lok oars (ferhaal)

desimber 14, 2019 07:00 Fernijd

Harmke Bosker groeide op yn in beskerme fermidden. Har heit hie in pleats efkes bûten Hurdegaryp. Se hearden by in swiere tsjerke. Alles rûn sa as it betocht wie. Har âlden libben evenredich en neffens de âlde tradysjes. Har heit sei fakentiids: ‘Al dy nijichheden, wêr binne dy foar nedich? Slachten lang hawwe we it dermei dien, wêrom soene wy it feroarje moatte?’ As Harmke ris frege: ‘Wêrom hat heit dan in melkmasine?’ In andert wie dan dat er gjin melkers mear krije koe.

Harmke kaam op in hegere skoalle. As se de ferhalen fan de oare famkes oanhearde, gie somtiden by har de grize oer de grauwe. Guon hiene al ferkearing. Oaren diene op snein oan sport. Wer oaren mochten sels harren klean keapje. Thús fertelde se dêr noait oer. Heit en mem begriepen dat wis net. Sa stadichoan kaam se yn twa wrâlden te libjen. As se swimles hiene, dan hie se de bikiny fan ien fan de oaren oan. Thús seach har mem derop ta dat se sedich klaaid wie. Se besocht om de balâns tusken de skoalle en thús yn lykwicht te hâlden.

Harmke slagge foar it eineksamen. Der wie drok beried thús oer hoe’t it fierder mei Harmke moast. Sels fielde se wol wat foar de pabo. Mar doe’t se mei har mem nei de iepen dei west hie, krige se te hearren dat dy skoalle neat foar har wie. Harmke hie ek gau troch wêrom. Ien fan de leararessen hie in blûske sûnder mouwen oan hân en har boarsten wiene te sjen. Har mem hie yn de bus sein dat se net begripe koe dat sa’n frommes der sa ûnseedlik by rinne koe.

It slagge Harmke om in baantsje te finen op in fersekeringskantoar. Se fytste alle dagen nei Ljouwert. Doe kaam de winter. Harmke fielde de kjeld. Har kollega’s seine tsjin har dat se in broek oanskaffe moast. Doe’t se der thús oer begûn, krige se de wyn fan foaren. Har heit helle de Bibel der by. Se moast lûdop lêze dat froulju gjin manljusklean drage mochten. Har heit seach har ris oan en sei: ‘Sa seit de Skrift it.’ Harmke siet der mar mei. Op in middei moete se har freondintsje. Se lei har út wat se graach hawwe woe en fan thús net mocht. Tegearre makken se in plan. Harmke kocht in broek. As se nei Ljouwert ta gie, luts se dy by har freondintsje oan en jûns die se him dêr wer út.

Doe’t Harmke tweintich jier waard, murk se dat heit en mem dernei útseagen hoenear’t Harmke ferkearing krige. Se hie noait folle mei jonges op hân. Se wie wolris thúsbrocht troch in jonge. Mar as se by de pleats wiene sei Harmke: ‘Betanke en sliep lekker.’ As hy derop oanstie om wat ôf te praten, sei Harmke dat se dêr gjin ferlet fan hie.

Wat Harmke al as famke hân hie, kaam wer boppe. Se hie hiele skoften by muoike Klaske op de skurte sitte kinnen. Muoike wie net troud. Alles wat de famylje besocht om muoike oan de man te krijen, wie net slagge. Se kaam sa no en dan noch wolris by har muoike. Yn de lêste tiid wie muoike har freondin, Mine, der ek faker. Se miende sjoen te hawwe dat Mine en muoike op de bank inoar tútsjes joegen. Harmke hie mar dien oft se neat sjoen hie. Mar de jûns op bêd hie se der fierder oer neitinke moatten. Under de kofje hiene in pear kollega’s it deroer dat de suster fan ien fan harren lokkich wurden wie mei in oar frommes. Se moast ek tinke oan wat dûmny ris sein hie. Soks wie sûnde en der wie gjin ferjouwing foar. Sa libbe se yn in langst en in eangst.

Op in middei moast Harmke by de sjef komme. Dy stelde foar dat Harmke oerpleatst waard nei de ôfdieling dêr’t juffer Dam de lieding hie. Se moast dêr wol efkes oer neitinke. Se wie thús op har ôfdieling. Dochs sei se de oare deis tsjin de sjef dat se it ris besjen woe.

Se waard hertlik troch juffer Dam ynhelle. Nei in goed wike fielde Harmke har hielendal thús op har nije ôfdieling. Se hie heard dat juffer Dam de maklikste net wie. Dat foel ta. Doe’t se ris mei-inoar op it kantoarke fan juffer Dam sieten, kamen se oan ’e praat. Juffer Dam sei dat se Jitske hiet en allinne wenne. In skoftsje ferlyn wie har húsgenoat ferstoarn. Se wie noch oan it sykjen nei ien mei wa’t se gearlibje koe. Dêrby seach se Harmke oan. Harmke wist eins net wat har oerkaam. Se hie der noch noait oan tocht oft se mei in oar frommes ûnder ien dak libje koe. Se praten ôf dat se der beide oer tinke soene. Thús sei Harmke mar neat oer wêr’t se mei juffer Dam oer praat hie. Jûns op bêd kamen der hieltiten tinzen op oer har en Jitske. Jitske wie âlder as sy. Se skatte dat se wis wol oer de tritich jier wêze moast. Se moast de tiid om deroer nei te tinken mar nimme.

Der ferrûn in fjirtsjin dagen. Harmke koe net út de rie komme. Oant op in freedtemiddei Jitske it foartou naam. Se frege Harmke oft it har de oare deis paste om by har thús te kommen. Se ferwachte har dan tsjin kofjetiid. Harmke slepte dy nacht net folle. Se wie der glêd mei oan. As Jitske har freegje soe om by har te wenjen, moast se dan ja of nee sizze? Se hiene sa no en dan der alris wat oer loslitten. Se wist dat byinoar wenjen mear betsjutte soe as ûnder ien dak te wenjen. Se soene harren leafde ek oaninoar jaan.

Jitske hiet har wolkom. Se praten in pypfol en doe foel der in stilswijen. Beide fielden dat se in beslissing nimme moasten. Temûk hiene se, as gjinien it sjen koe, sa no en dan inoar ris stikem oanrekke. Jiske begûn deroer.

‘Ik wit dat dit foar dy, Harmke, in swiere beslissing wêze moat. Neffens jimme opfetting is gjin inkeld frommes lesbysk. Dochs binne wy it beide. Ik kin my yntinke datst skoften wekker lein hast. Mar wy moatte inoar klearrichheid jaan. Der is, safier’t ik dat besjen kin, in spanning tusken ús ûntstien.’

‘Dêr hast gelyk oan, Jitske. Ik haw it der swier mei hân. Thús koe ik der net oer prate. Myn bêste freondinne kin of wol it net begripe. Ik haw mei mysels wraksele. Fan ’e moarn doe’t ik hjirhinne fytste haw ik myn beslút nommen. Ik wit dat der gjin omkear mooglik is. Sille wy ús libben diele, Jitske?’

Se sloegen harren earms ominoar hinne. Se giene opinoar yn. Harmke die ûnderfinings op dy’t se noch noait belibbe hie. Hymjend leinen se op de bank. Jitske wie de earste dy’t wer ta harsels kaam. Lokkich seagen se inoar oan. Jitske makke har los en gie mei it iten oan ’e gong.

Nei it iten sei Jitske dat se noch wat sizze moast.
‘Harmke, do bist net de earste dy’t yn myn libben kommen is. Doe’t ik njoggentsjin jier wie, kaam ik yn ’e kunde mei Klaske Hielkema. Nei in goed wike slepten we tegearre. Myn âlden koene dat begripe. Klaske waard ek harren dochter. In pear jier letter krige Klaske bultsjes. It bliek kanker te wêzen. Wy hawwe noch trije jier byinoar west. Doe moast ik har loslitte. Ik wie fêst fan doel om allinne fierder te gean. Oant sto by my kaamst te wurkjen. Fan de earste dei ôf haw ik dy yn myn tinzen hân.’

‘Sa is it mei my ek gien. Allinne der kamen hieltiten twivels by my op. Mar ik bin tige bliid datsto dy weinommen hast. Hoe geane we fierder? Ik moat noch in protte ferarbeidzje. As ik it aansten thús fertel, dan stekke se de flagge net út.’

Harmke kaam dy jûns wer thús. Se hie sein dat se nei in kollega gie. Se murk dat, foaral har mem, trochhie dat se oars as oars wie.
‘Hast wat slims meimakke?’
‘Nee, mem, ik haw wat meimakke dêr’t ik bliid troch bin.’
‘Bist yn ’e kunde kommen mei in deugdsume jongeman?’
‘Ik bin wol yn ’e kunde kommen mei ien, mar dat is in frommes.’
‘Wat is der bard?’
‘Wy hawwe ús libbens oaninoar ferbûn.’
‘Wolst dêrmei sizze datst mei in frommes ferkearing hast?’
‘Dat bedoelde ik.’
Harmke har heit soe opspatte. Har mem wist him te del te bêdzjen.

Doe’t se de oare deis fan tsjerke thúskaam, sei Harmke har mem dat der praat wurde moast. Harmke wie bang dat it slimste komme soe. Har heit hie ris sein doe’t se húsbesyk hiene, dat as ien fan syn bern soks úthelje soe, hy dat bern net mear as dat fan him beskôgje soe. Hy hold him rêstich. Har mem kaam mei in foarstel. As Harmke ris by dat frommes ynluts. Dat joech by de omjouwing net folle drokte. Se wurke ommers al yn Ljouwert en se wie âld genôch om selsstannich te wenjen.

De moandeis op it kantoar prate se earst mei Jitske. Dy sei dat se alles op in rychje sette moast. It waard foar Harmke in spannende moarn. Jitske stjoerde har mar nei it argyf. Dêr wie it rêstich en sa no en dan seach se efkes by Harmke. Under de lunch sei Jitske dat se in plan hie en dêr moasten se aansten mar ris oer prate. Doe’t it fiif oere wie, fong Jitske Harmke op. Se sei dat se mei Harmke har mem belle hie. Se hiene ôfpraat dat Harmke fan no ôf by har wenje soe. De sneons soene se dan tegearre har guod ophelje. Harmke fielde it oan as in brek tusken har en har famylje. It wie bard sa’t har heit doe al sein hie.

Harmke en Jitske hearden fan dy dei ôf byinoar. Se kamen hieltiten tichter ta inoar. Nei in pear jier stelde Harmke foar om mei-inoar te trouwen. Op de brulloft wie Harmke sûnder famylje om har hinne. Har broer hie in boskje blommen stjoerd. Fierder hie se neat fan de Boskers sjoen of heard. It wie in skaad op it lok dat se fûn hie.

Doe’t se wer thúskamen, sei Jitske: ‘Op wat ús moaiste dei is, is in skaad fallen. Mar it ljochtpunt is dat wy inoar fêsthâlde en datst in nije famylje om dy hinne hast, dy’t dy begrypt.’

Abe Westra

desimber 14, 2019 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.