Grutte protestmars yn Madrid

desimber 7, 2019 09:39

Yn Madrid rûnen freedtejûn tsientûzenen minsken mei yn in klimaatmars. Yn de Spaanske haadstêd wurdt ek de klimaattop COP25 holden. De demonstranten rôpen de polityk op om mear aksje te ûndernimmen om de opwaarming fan de ierde tsjin te gean.

Foto: pixabay.com

Boechbyld fan de klimaataktivisten Greta Thunberg ferliet earder op de jûn de kloft. De Spaanske krante El País berjochte dat de plysje har dat oanret hie, mei’t se net fierder rinne koe troch alle sjoernalisten en oaren dy’t om har hinne krongen. Letter hold se wol in taspraak foar de demonstranten.

Op de top moatte de lêste ôfspraken makke wurde oer de útwurking fan it Klimaatakkoart fan Parys, dat op 1 jannewaris formeel fan krêft wurdt.

desimber 7, 2019 09:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.